Rapport: boaiemdelgong Waadsee troch gaswinning bliuwt binnen de grinzen

Gaswinning by It Amelân © ANP Foto
De boaiemdelgong yn de Waadsee troch gaswinning is yn 2021 binnen de ôfsprutsen grinzen bleaun. Der binne ek gjin neidielige effekten foar de natuer optreden.
Dat konkludearret in kommisje dy't foar it ministearje fan Ekonomyske Saken in rapportaazje dêroer fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) toetst hat.

Neirekkene

De NAM wint al sûnt 2007 gas ûnder de Waadsee en de Lauwersmar. Dat is tastien, salang't der net mear boaiemdelgong optreedt as ôfpraat is en wannear't de natuer yn de gebieten net oantaast rekket.
De NAM hâldt dat yn 'e gaten en bringt jierliks in ferslach út oan Ekonomyske Saken. De Auditkommisje foar gaswinning yn de Waadsee, ûnderdiel fan de Kommisje foar de miljeu-effektrapportaazje, hat de konklúzjes fan de NAM neirekkene en is tefreden, sa docht tongersdei bliken.

Beswieren

Der binne in soad beswieren tsjin de gaswinning yn it Waadseegebiet. Natuerbeskermers binne benaud dat it unike natuergebiet ûnherstelber oantaast rekket.
In mooglike útwreiding fan de gaswinning boppe Skiermûntseach, dus yn de Noardsee, wurdt ûnder mear troch Fryske en Dútske bestjoerders fan it Waadseegebiet ek bot bestriden.
It kabinet soe gjin nije fergunningen mear ôfjaan wolle foar gasprojekten yn de Waadsee, mar gaswinning yn de Noardsee soe noch wol mooglik wêze.

Seespegel

De Auditkommisje advisearret Ekonomyske Saken om dúdlik te meitsjen hokker gefolgen seespegelstiging troch klimaatferoaring hawwe kin foar de maksimaal tastiene boaiemdelgong troch gaswinning.