Artyst Joost Klein mei 'Fryslân' nominearre foar 3voor12 Award

Joost Klein op Pinkpop © ANP Foto
It album Fryslân fan Joost Klein is nominearre foar in 3voor12 Award yn de kategory bêste album. Klein groeide op yn Britsum.
"De manier waarop Joost Klein zijn levensverhaal vertelt op Fryslân met een nodige portie absurdisme en surrealisme, maar ook goudeerlijk en bloedserieus is ongeëvenaard", skriuwt de sjuery.
Op it album hat Klein it yn syn nûmers ûnder mear oer de dea fan syn âlders en oer 'de provinsje dêr't syn hert leit'. 'Fryslân' is it achtste album fan Klein, dy't earder ek bekend wie ûnder de namme EenhoornJoost.
Yn totaal binne der tolve albums nominearre. Neist Joost binne ûnder mear ek Merol, Gladde Paling, Elephant, Son Mieux en Pip Blom nominearre mei in album.
Oan de award is in jildpriis fan 1203,12 euro ferbûn. Eardere winners fan de priis binne ûnder mear De Jeugd van Tegenwoordig, Typhoon, De Staat en Eefje de Visser.