Gaswinning by Ternaard wurdt útsteld fanwege skrassen fan stikstofûntheffing

It gebiet tusken Wierum en Ternaard oan de seedyk © ANP
De gaswinning by Ternaard wurdt útsteld. Dat befêstiget in wurdfierder fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit. It útstel is in gefolch fan de útspraak fan de Ried fan Steat oer de stikstofûntheffing.
De Ried fan Steat bepaalde woansdei dat de stikstofûntheffing by bouprojekten net mear ferliend wurde mei. Dizze boufrijstelling hold yn dat de stikstofútstjit by bou oan de ein fan it projekt kompensearre wurde moast. De Ried fan Steat gie dêr net mei akkoart en seit dat der by al it bouwen rekken holden wurde moat mei de stikstofútstjit.
Dat hâldt ek yn dat by it projekt fan de gaswinning by Ternaard en Wierum berekkene wurde moat wat de stikstofútstjit fan alle boaraktiviteiten wêze sil.
Op grûn dêrfan wurdt bepaald oft de winning trochgean kin. De wurdfierder fan it ministearje koe net sizze hoe lang oft it útstel duorje sil. De wurdfierder woe ek net yngean op de fraach oft fan dit útstel ek ôfstel komme kin.

Waadferiening bliid

De Waadferiening hat yn in earste reaksje oanjûn bliid te wêzen mei it útstel. Want eltse dei dat it Waadgebiet gaswinning besparre bliuwt, is der ien, sa lit de Waadferiening witte.
"Wij zijn voorzichtig en hijsen de vlag pas als de winst echt binnen is", seit Frank Petersen fan de Waadferiening wol. "Maar het wordt steeds ingewikkelder om dit tegen alle klippen op toch nog te willen en te vergunnen, denken wij."
Frank Petersen fan de Waadferiening
De iennige mooglikheden foar de NAM soene wêze om in wize te finen om in boarynstallaasje te bouwen sûnder stikstofútstjit, of om stikstofromte op te keapjen yn de omjouwing. Beide mooglikheden binne dreech, skat de Waadferiening yn.

Gasfjild by Ternaard-Wierum

De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) wol gas winne út it gasfjild tusken Ternaard en Wierum. In lyts part fan dat gasfjild leit ûnder lân. It grutste part leit ûnder de Waadsee.
Gaswinning op in oar plak op de Waadsee © ANP
In definityf beslút oer dy plannen foar gaswinning waard yn it lêste part fan dit jier ferwachte. Steatssekretaris Hans Vijlbrief fan Mynbou sei ein septimber dat de definitive ferliening fan de fergunning in kwestje fan 'wiken of in moanne' wêze soe.
Ferskate partijen binne poer tsjin de gaswinning. Sa joegen UNESCO en it Omgevingsberaad Waddengebied (OBW) al negative advizen. De organisaasjes binne der net fan oertsjûge dat der gas wûn wurde kin ûnder it kwetsbere Waadgebiet sûnder skea oan de natuer.