Sport Fryslân docht enerzjyscan by klups: "As dit sa trochgiet, hoe hâlde we it dan fol?"

© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Sport Fryslân hat by 110 fuotbalklups in enerzjyscan útfierd. Sa is yn kaart brocht hoe't sportklups yn ús provinsje besunigje kinne. Tongersdeitejûn waarden de resultaten presintearre by VV Oerterp.
"We sjogge dat klups it dreech hawwe mei de hege enerzjykosten. Eins ek dat de klups deroan ûnder troch geane. Dêrom hawwe wy foar de simmer al kontakt opnaam mei de klups om te sjen hoe't wy se helpe kinne", seit Allard Donker fan Sport Fryslân.
Donker kaam klups tsjin wêrby't de enerzjyrekken njoggen kear heger wurden is. "Dus der is wol echt needsaak om dit te dwaan", seit er.

Besparje

Mei de enerzjyscan jout Sport Fryslân advys oer hoe't de klups besunigje kinne. Dat giet foar in part om minsklik gedrach. "Soargje datst de ljochten op tiid út dochst. De doarren ticht. Kachel nei ûnderen. Dat binne de lytse dingen om te besparjen."
Mar somtiden kin der ek noch wat ferbettere wurde oan de technyk. "De kuolling dy't net goed is of ljochten dy't der al sa lang ynsitte en net ferduorsume binne", seit Donker.

10.000 euro ekstra kosten

By VV Oerterp diene se ek mei oan de enerzjyscan. Dêr hawwe se dit jier 10.000 euro ekstra enerzjykosten. "We binne finansjeel sûn, mar as it yn dit tempo trochgiet hoe hâlde we dit dan fol?", freget foarsitter Siemen van den Boogaard him ôf.
VV Oerterp © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De klup hopet dêrom op stipe fan oerheden, mar wol sels ek wat dwaan. "Der is hiel folle mooglik. We binne in aktive klup en we hawwe kennis genôch binnen de klup om in hiel soad dingen sels op te lossen", seit de foarsitter.
De kontribúsje hoecht yn elk gefal foarearst noch net omheech, en in bierke yn de kantine bliuwt ek noch deselde priis. "Dus we binne noch net yn panyk, mar we meitsje ús wol soargen."