De ammerkes ûnder de kont op de Holland Holstein Show yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Boeren út it hiele lân komme dit wykein nei it WTC yn Ljouwert foar de Holland Holstein Show. De lanlike feekeuring foar kij en hokkelingen is oars yn Zwolle, mar om't de IJsselhallen net beskikber binne, is it evenemint no yn Fryslân.
Klaas Wietsma fan Ousterhaule sit yn de organisaasje en is tige wiis dat de show dit jier yn Fryslân is. "Ik bin der as Fries gigantysk grutsk op. Doe't bliken die dat Zwolle net beskikber wie, sieten wy mei de hannen yn it hier."
Klaas Wietsma © Omrop Fryslân
Nei in soad oerlis bleaune der trije lokaasje oer. "Uteinlik hawwe wy it yn 'e mande mei de provinsje en gemeente foarinoar krigen om it hjir te hâlden."

Foar it earst sûnt jierren yn Fryslân

It evenmint giet dêrmei werom nei de roots. "Dit is úteinlik ek it berteplak fan it Holstein-Friesian ras. Dy hat syn oarsprong hjir yn Fryslân. 'Us mem' stiet hjir yn Ljouwert, hoe moai wolle je it hawwe."
De Holland Holstein Show is yn it WTC yn Ljouwert
Freed komme de Young Breeders oan bar. Dat binne jonge boeren fan 10 oant 30 jier. De show begjint foar de Young Breeders mei in skearkompetysje. Freedtemiddei wurde de kij foarbrocht en wurdt besletten wa't de moaiste pinken hat.
Boer Jaap Jacobi fan Garyp © Omrop Fryslân
De famylje Jacobi fan Garyp is al sûnt tongersdeitejûn yn it WTC te finen. Sy meitsje de kij en hokkelingen klear foar de grutte show, fertelt Jaap Jacobi. "De kij moatte altyd efkes akklimatisearje, dus wy binne der altyd in dei yn 't foar."
De kij binne gjin momint allinne. Alle smoargens wurdt fuortendaalks opromme. "Je sjogge by eltse boer efter de kij ammerkes stean om de stront en urine op te fangen", seit Jacobi. "Dat heart by it showbarren."
Boer Jaap Jacobi
De famylje is faker te finen op dit soarte eveneminten. "It is echt in stikje ûntspanning. Wy fine it hartstikke leuk om hjir hinne te gean en wy wurde iverich om de kij goed te fersoargjen."
Oer regeljouwing en stikstof haw ik hjir noch net in boer heard. It is foar ús ek in útstapke.
Jaap Jacobi
De boeren kinne de problemen yn de sektor efkes oan de kant skowe, seit Jacobi. "Oer regeljouwing en stikstof haw ik hjir noch net in boer heard. It is foar ús ek in útstapke en je binne gewoan dwaande mei je passy. Dat is gewoan hartstikke moai."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De readbûnte- en swartbûnte kij geane sneon de striid oan om de moaiste ko fan Nederlân te wurden. De ferwachting is dat de show in soad publyk lûke sil, seit Wietsma.
"Yn Zwolle kamen der tusken de 3.000 en 4.000 minsken. Ek út it bûtenlân wei komme der in soad besikers nei ús evenemint ta. Wy hoopje fansels dat der no in soad Friezen efkes de auto meinimme of minskien wol op de fyts hjir komme om fan it evenemint te genietsjen."
Klaas Wietsma fan de organisaasje