Ta fernuvering fan stichting ARG wurket Súdwest net gear by bergjen fleantúchwrak

Johan Graas by de Rolls Royce Merlin motor fan de Lancaster dy't troch fiskers fûn is © Omrop Fryslân
Súdwest-Fryslân wol by it bergjen fan in fleantúchwrak yn de Iselmar gjin gebrûk meitsje fan de tsjinsten fan de Stichting Aircraft Recovery Group. Dat ta fernuvering fan de ARG sels, dy't al lang ûndersyk diene nei it wrak.
De Lancaster ED603 waard yn de nacht fan 12 op 13 juny 1943 delsketten en bedarre yn de Iselmar. Yn 1996 hellen fiskers fan Volendam by tafal de motor fan de Lancaster boppe wetter. In plaatsje fan de motor waard oan de ARG foarlein, dy't útsocht om watfoar fleantúch it gie.
It ûndersyk- en dûkteam hat dêrnei ferskate ûnderdielen fan it fleantúch opdûkt. Sa krige ûnder oare de piloatestoel in plak yn de permaninte eksposysje fan Luchtoorlogmuseum Fort Veldhuis yn Heemskerk, dat fan de ARG is.
Yn 2016 die ek bliken dat der noch minsklike resten yn it wrak sitte. Sûnt dy tiid set de ARG him yn om it wrak nei boppen te heljen.
E.A. Tilbury, piloat fan de Lancaster bommewerper © Omrop Fryslân
Yn it fleantúch sitte noch de stoflike omskotten fan trije fermiste bemanningsleden. It giet om de Ingelsken Raymond Moore, Charles Sprack en Arthur Smart. Fjouwer oare bemanningsleden spielden earder oan op de Fryske kust.
De Lancaster die mei oan in oanfal op de Dútske stêd Bochum. Dêrby waard it tastel al rekke troch loftôfwar. It fleantúch gie skansearre op wei nei hûs yn Ingelân, mar boppe Nederlân waard it ûntdutsen troch in Dútske radar. Dêrnei waard it tastel út de loft sketten.
Yn april 2021 hat boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân nei in dûk troch de marine in fersyk dien om de Lancaster ED603 oan te melden foar it Nationaal Bergingsprogramma vliegtuigwrakken, dat de operaasje finansierje sil.
Súdwest-Fryslân sil lykwols gjin gebrûk meitsje fan de tsjinsten fan de ARG by de berging fan it fleantúchwrak of de by de tariedingswurksumheden dêrfan, mar wol fierder gjin reden dêrfoar opjaan, ta fernuvering fan de ARG en foarsitter Johan Graas.
"Een vreemd besluit van de gemeente", seit Graas. "Want het is eigenlijk de eerste gemeente die zich eigenlijk zo tegen onze stichting opstelt en er ons niet bij betrekt. Ons onderzoek wordt een beetje genegeerd."
Foarsitter Johan Graas fan de Aircraft Recovery Group
ARG hat al lokaasje-ûndersyk dien en kin allerhanne gegevens oerlangje. "Daar zijn wij al een tijdje mee bezig, we hebben ook al contact met nabestaanden", seit Graas. Mar Súdwest-Fryslân skeakelet in oare stichting yn en komt neffens Graas net mei in heldere ferklearring.

Súdwest kiest foar SMAMF

Wurdfierder Christiaan Weening fan de gemeente lit witte dat de ARG gjin rol spilet by it projekt. " Wij hebben gekozen om onder andere het contact met de nabestaanden via Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF) te laten lopen. We hebben eerder met deze stichting samengewerkt en daar goede ervaringen aan over gehouden. Daarom trekken we daarin ook nu samen op."
De gemeente fynt it spitich dat materieel út it fleantúch dat no yn it besit is fan it museum net weromjûn wurdt, mar leit de prioriteit by it bergjen fan de slachtoffers om dy in weardich lêste rêstplak jaan te kinnen. As op oare plakken ek omtinken frege wurdt foar de Lancaster is dat prima, seit de gemeente.
"We kijken hoe we met de restanten een eerbetoon kunnen maken richting nabestaanden. Het gaat daarbij niet om volledigheid, maar het goed kunnen vertellen van het verhaal. Als er op andere plekken iets tentoongesteld wordt, kan dat alleen maar bijdragen aan een mooi eerbetoon", sa ferklearret Súdwest-Fryslân.

Weardich lêste rêstplak

It goed ôfsluten foar de neibesteanden is yn de syktocht it wichtichste, lit Weening witte. "Het gaat in de basis niet om het wrak, maar om de menselijke resten in het wrak. Deze brengen we graag naar een laatste rustplaats. Kortom, we hebben hierin allemaal hetzelfde belang."
Graas kin dêryn meistimme. "Ze moeten naar huis. Een wrak waar menselijke resten in zitten, is geen graf. Nabestaanden moeten ergens naar toe kunnen, waar ze bloemen kunnen leggen en herinneringen op kunnen halen. Ik heb zoveel onderzoek gedaan, en telkens blijkt dat het na zoveel jaar evengoed nog hartstikke belangrijk is voor de familie om dit te doen."
Gemeente Súdwest-Fryslân hat dizze wike noch kontakt hân mei Hubert Schuncken fan Definsje en ferwachtet dat it fleantúchwrak fan de Lancaster maaie takomme jier burgen wurde kin.
Spul om omheech heljen delstoarte Lancaster Iselmar