Fryske feilich-fytsaksje noch mar 400 fytshelms oer troch grutte animo

© Stichting Bevordering Verkeerseducatie
De Fryske aksje wêrby't senioaren 25 persint koarting krije op in fytshelm, rint as in tierelier. Yn trije wiken tiid binne der fan it maksimum fan 1.600 noch mar 400 helms oer, wylst de aksje noch oant yn desimber duorje soe.
As it sa trochgiet, moat de aksje earder stopset wurde, seit Marjolein van Eek fan Stichting Bevordering Verkeerseducatie. Dizze stichting is mei de aksje úteinset, om it brûken fan in fytshelm troch âlderein te stimulearjen.
Provinsje Fryslân hat de aksje mei 40.000 euro stipe, yn it ramt fan 'Doortrappen Fryslân': it provinsjale programma dat Friezen sa lang mooglik op de fyts yn beweging hâlde wol.

Net ferwachte

It idee: 55+'ers krije 25 euro koarting op it keapjen fan in goedkarde fytshelm. Dat hawwe yn trije wiken tiid al 1.200 Friezen dien. "Het gaat ongelooflijk hard", seit Van Eek. Sy hie it yn 't foar net ferwachte en it fernuvere de fytshannelers ek, seit sy.
Van Eek tinkt dat it krekt dy lêste triuw yn 'e rêch wêze kin om de stap te setten. En boppedat: "Wij Nederlanders houden van korting."
It liket der op dat as it sa trochset, de stichting de aksje earder ta in ein bringt. Want as it potsje op is, is it potsje op. Wol hopet de stichting takom jier de aksje te werheljen, al sil der earst noch offisjeel in evaluaasje folgje.