Dit jier 14 prosint mear ambulânseritten yn Fryslân, meldkeamer siket nije minsken

© ANP
De meldkeamer fan Noard-Nederlân hat it drok dit jier. Der wurdt faker mei 112 belle en de ambulânses moatte faker de dyk op. En dat wylst der seis fakatueres iepensteane by de meldkeamer.
De drokte is foar in part te ferklearjen út it feit dat minsken âlder wurde, seit Hilde Koopmans fan de meldkeamer. "Mar se wenje ek langer thús en belje makliker mei 112. In telefoantsje betsjut net altyd in ambulânserit, mar it is wol drokker wurden. Dat moat allegear oanstjoerd wurde."
Se binne dêrom by de meldkeamer drok op syk nei nije minsken, ek foar de takomst. "Dan moatte we ek oan de soarchfraach foldwaan kinne, dy sil allinnich mar grutter wurde."

Gjin bekend berop

Maklik sil it net wurde om nije kollega's te finen, mei krapte oeral op de arbeidsmerk. "Dat wurdt in hiele útdaging, ja. Mei in nije webside hoopje we dat we in goede yndruk fan it wurk jaan kinne. It wurk as sintralist is gjin bekend berop."
In part fan de nije kollega's moat in ferpleechkundige achtergrûn ha, leit Koopmans út. "Moatst de situaasje op ôfstân ynskatte kinne, en in spoedoanfraach oan de telefoan beoardielje kinne."
By de meldkeamer hoopje se de seis fakatueres tagelyk ynfolje te kinnen, sadat de nije meiwurkers tagelyk oplaat wurde kinne.