Al tritich jier wurdt it Frysk beskerme, mar feilich is de taal dêrmei net

© ANP
It Europeesk Hânfest foar minderheidstalen bestiet tritich jier. Wat hat it opsmiten foar it Frysk? Dat besiket it advysorgaan DINGtiid sneon út te finen op in gearkomste mei lêzings en diskusje.
It is sneon op de kop ôf tritich jier ferlyn dat Nederlân it 'Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden' ûndertekene hat. It is it fûnemint ûnder it gebrûk fan it Frysk yn bygelyks ûnderwiis, rjochtbank en de iepenbiere romte.
De neilibbing fan dat hânfêst wurdt om de safolle jier kontrolearre troch in komitee fan eksperts fan de Ried fan Europa. Dêrút folget in rapport mei oanrekommandaasjes dêr't de lidsteaten wat mei dwaan kinne. Se hoege de oanbefellings net op te folgjen.
By de rjochter neilibbing ôftwinge kin net.
Pier Bergsma (âld-foarsitter Ried fan de Fryske Beweging)
Ald-foarsitter Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging neamt it Hânfêst in goed inisjatyf, mar konstatearret ek dat it yn de praktyk net folle opsmyt. "De Ried fan Europa kin gjin sanksjes oplizze. As it regear beslút om it rapport yn it ûnderste laad te smiten, dan kinne we der net in soad mei."
"By de rjochter neilibbing ôftwinge kin net. It is oan de polityk om it regear te hâlden oan de ôfspraken."
It Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen moat minderheidstalen beskermje en befoarderje. Nederlân hat it ûndertekene en moat soargje foar de goede útfiering. Foar it Frysk moatte goede wetlike maatregels jilde en it Ryk moat it byhearrende jild beskikber stelle. De Ried fan Europa kontrolearret om de pear jier oft Nederlân him hâldt oan de ôfspraken.
It Frysk stiet kwa beskerming en befoardering boppeoan. Talen lykas it Biltsk en it Stellingwerfsk hawwe in legere status.
Om dingen gauwer foarinoar te krije, hat it komitee fan eksperts in nije wurkwize ynfierd, fertelt René de Groot. As lid fan it komitee hat hy dit jier yn Fryslân west.

Driuwende saken earst

Koartsein wurde de algehiele kontrôles net mear om de trije jier dien, mar om de fiif jier. Dêrfoaroer wurde de meast driuwende saken al nei twa en in heal jier beskreaun yn in tuskenrapport mei oanbefellings.
René de Groot, Ried fan Europa © Omrop Fryslân
De Groot kin noch net meidiele wat op dit stuit de meast driuwende saken foar it Frysk binne. Hy wiist der wol op dat it bygelyks yn it Frysk ûnderwiis al jierren net goed giet. Yn it foarige rapport fan 2019 waard dêr ek al melding fan makke.

Te min lesoeren

Neffens it Hânfêst moat op alle nivo's fan ûnderwiis Frysk oanbean wurde: fan bernedeiferbliuw oant en mei universiteit ta. Learlingen krije no wyks twa lesoeren Frysk oanbean. Fan de Ried fan Europa moatte dat op syn minst trije oeren wêze.
It Gerjochtshôf yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Wêr't it yn alle gefallen net goed giet mei it Frysk, is yn de rjochtbank. De problemen mei de tariven binne bekend, mar der spilet ek noch wat oars, sa fernimt rjochtbanktolk Ammerins Moss yn har deistige praktyk.
"By de wat simpelere rjochtsaken mei in plysjerjochter giet it noch wol. Dêr wurdt rekken hâlden mei Fryskpraters. It wurdt in probleem by in saak foar in mearfâldige keamer mei trije rjochters of by in heger berop."

Denigrearjend

Moss: "Ast hegerop komst, is de hâlding fan de offisier fan justysje of de advokaat-generaal soms wat denigrearjend, Se lûke dan it earke út (wêrmei't de oersetting fan it ferhaal fan de fertochte te folgjen is, red.). Dat makket fertochten ek ûnwis en se gean gauwer oer op it Nederlânsk, mei it gefaar dat se harren ferbrekke."
Rjochter © Shutterstock.com
"De minsken fan justysje fine it lestich om mei in earke yn te sitten en twa talen te hearren. Se tinke dat se it Frysk wol ferstean. Mar in net-Frysk-prater ferstiet it nea foar 100% en dat moat foar in earlike rjochtspraak wol. Dêrom is in tolk needsaaklik."

Polityk kin fûst meitsje

Der binne wol ynstruminten om it Nederlânske regear te hâlden oan it hânfêst, seit ferslachjouwer Onno Falkena fan Omrop Fryslân en saakkundige op it mêd fan minderheidstalen.
Ferslachjouwer en minderhedensaakkundige Onno Falkena © Omrop Fryslân
"Fryske Twadde Keamerleden kinne in fûst meitsje. Yn it Hânfêst belove it lânsregear en de minderheid gear te wurkjen om de minderheidstaal te beskermjen, te promoatsjen en fierder te ûntwikkeljen. Der is no yn Nederlân gjin sprake fan in goed funksjonearjend oparbeidzjen yn rjochtpraak en ûnderwiis."
It is net allegearre kommer en kwel. It Hânfêst hat ek wolris goed wurke, neffens Falkena. Bygelyks doe't toanielgroep Tryater de subsydzje ôfnaam wurde soe. Mei troch te wizen op it Hânfêst is dat doe net trochgien.

Driuwsân of dûnsflier?

It advysorgaan DINGtiid oer it Frysk hâldt op sneon 5 novimber in gearkomste yn De Koperen Tún yn Ljouwert fanwege it 30-jierrich bestean fan it Hânfêst.
Prof. dr. Heinrich Winter fan de fakulteit rjochtsgeleardheid oan de Ryksuniversiteit Grins jout in lêzing oer hoe takomstbestindich oft it Europeesk Hânfêst is. Hat dat nei tritich jier noch genôch besteansrjocht as ynstrumint ta beskerming en befoardering fan de Fryske taal? Mei oare wurden: is it Hânfêst driuwsân of in dûnsflier?
Underwiissaakkundige dr. Albert Walsweer fan NHL Stenden giet neier yn op de wurking fan it Europeesk Hânfêst yn de ûnderwiispraktyk.
Goede bedoelings, mar gjin rezjy en koördinaasje.
Alex Riemersma, DINGtiid
Bestjoerslid Alex Riemersma fan DINGtiid tinkt dat der noch genôch romte foar ferbettering is. "Nederlân hat in positive rol spile yn it proses fan de tastânkomming fan it Hânfêst. Mar de fraach is hoe't it komt mei de útwurking. We sjogge yn Nederlân wol goede bedoelings, mar gjin rezjy en koördinaasje."