FNP Ljouwert fynt hâlding Buma ûnbegryplik en wol krisisopfang by Werpsterhoek

Jan-Willem Tuininga © Omrop Fryslân
FNP Ljouwert wol gjin permanint azc njonken de fleanbasis, mar in krisisopfang by Werpsterhoek. Dat boargemaster Sybrand Buma seit dat der gjin alternativen binne, fynt FNP-riedslid Jan-Willem Tuininga 'hiel bysûnder'.
"Us gemeente bestiet út 25.000 bunder grûn", seit Tuininga yn reaksje op de boargemaster. "Dan liket it my dochs hiel nuver dat der net in plakje foar in lytsskalich azc is."
De opposysjepartij easket útlis fan Buma en it kolleezje. "Want ôfrûne woansdei yn de riedsgearkomste sei it COA dat der ek twa lokaasjes binne dy't noch net ûndersocht binne. En dan prate je allinne oer lokaasjes dy't ynbrocht binne troch it kolleezje."
Is alles wat Buma seit presys de wierheid? Ik sis net dat er liicht, mar stiet er iepen foar oare ideeën?
FNP-riedslid Jan-Willem Tuininga
De FNP set fraachtekens by it hanneljen fan it kolleezje. "Is alles wat Buma seit presys de wierheid? Ik sis net dat er liicht, mar stiet er iepen foar oare ideeën? Dat wolle wy wolris witte", jout Tuininga oan.
Jan-Willem Tuininga is it bepaald net iens mei boargemaster Sybrand Buma
De FNP wol net dat der 450 flechtlingen by de fleanbasis komme. As earste al fanwegen de lûdshinder foar de bewenners sels: "Je sitte flak tsjin de grins fan de fleanbasis oan."
Twads binne der yn de omjouwing ek in soad tsjinstanners. "Ik haw ek oan it kolleezje frege wêrom't sy trochgeane mei in lokaasje dy't safolle wjerstân opsmyt. Net allinne omwenners, mar ek miljeudefinsje en de doarpsbelangen." Dat is fan belang, fynt er. "As der gjin draachflak is, moatte je sjen nei oare romte."

Kommunikaasje

Dat it op allerhanne plakken yn it lân net slagget draachflak yn de omjouwing foarinoar te krijen, is neffens Tuininga benammen te witen oan de kommunikaasje. "De minsken dy't by de Troelstrawei wenje moasten út de media wei helje dat der in opfang komme soe. Dan hawwe je al in ferkearde start."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Jan-Willem Tuininga.
Opposysjepartijen fine ek dat sy net goed ynformearre binne. Trochdat omwenners stikken opfregen, waard wat mear dúdlik oer it kontakt tusken de gemeente, it COA en de projektûntwikkelder oer de lokaasje.
Zwanenburg Projecten hie de grûn fan in túnsintrum njonken de fleanbasis kocht, mar makke net fuort bekend dat it fan doel wie dêr in azc te bouwen. "Wy fine it hiel bysûnder dat der in ûntwikkelder is dy't in soad grûn keapet, wylst it bestimmingsplan it gewoan net talit", seit Tuininga dêroer.

Kin de ried it keare?

De ried hat net it foech dat it kolleezje hat, mar Tuininga hopet dat as de ried it bestimmingsplan ôfkart, de plannen net fierder kinne. Dochs soe in wet dy't gemeenten twinge kin om opfangsintra te regeljen, dêr wer omhinne kinne. Steatssekretaris Eric van der Burg fan Asyl beslist op koarte termyn oer sa'n 'twangwet'.
De hâlding fan it Ryk fertsjinnet neffens Tuininga ek gjin skjintmepriis. It ministearje fan Justysje en Feiligens (dêr't it Centraal Orgaan opvang asielzoekers ûnder falt) wie foar de opfanglokaasje, wylst it ministearje fan Definsje oanjoech just beswier oan te tekenjen.
Tiisdei luts definsje dit beswier wer yn. "Dat is in situaasje dat sy it ombûge nei in foarm dy't sy sels hawwe wolle", tinkt Tuininga.
Jan-Willem Tuininga wol in krisisopfang by Werpsterhoek
Tuininga sjocht leaver dat gemeente en COA in opfanglokaasje by de Werpsterhoek bouwe, oan de súdkant fan Ljouwert. "Dêr hat de gemeente eigen grûn, dêr kinne wy yn sa'n trije moannen deselde foarm delsette as it azc dat yn Sint Anne stiet."
"Miskien is it net passend yn sa'n moaie nijbouwyk", seit Tuininga wol. "Mar it kolleezje is foar yntegraasje, dus dat soe bêst kinne."

Krisisopfang

Dat soe wat Tuininga oanbelanget in krisisopfang wurde moatte. "Want in permanint azc duorret lang. Der kinne beswieren komme, der moat in proseduere opset wure, in bestimmingsplan makke, der is ynspraakmooglikheid. Twa jier is neat. En stel minsken stappe nei de Ried fan Steat, dan binne je noch twa jier fierder."
De FNP is al langer tsjin in permanint azc yn Ljouwert
In oantal jierren lyn spile de hjoeddeiske asylkrisis noch net en waarden ferskate sintra sletten. Twa jier lyn wie de FNP ek tsjin in permanint azc. "Us fraach oan it kolleezje wie doe: as minsken in status krije, wêr geane jimme der dan mei hinne? Is dêr wenromte foar? Dêr kaam gjin antwurd op, dus doe seine wy: nee, gjin permanint azc."
Boppedat, seit Tuininga: "Dan hiene miskien ekonomyske flechtlinen de boel likegoed blokkearre. Dan hie der ek gjin trochstream west." De FNP is wol foar krisisopfang: "Elts minsk yn need moatte je helpe. En dan sjogge wy letter wolris wer."
Wat de ferskate partijen yn de ried krekt wolle, is noch net folslein dúdlik. Takom wike wurdt der fierder praat yn de gemeenteried.
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân