Oekraynske flechtlingen: 'Nei de oarloch gean ik nei hûs'

Karen Bies makke de FryslânDOK 'Nei de oarloch gean ik nei hûs', oer de Oekraynske flechtlingen dy't se alle wiken Nederlânske les jout yn har eigen doarp Aldegea. De famyljes komme út Marioepol, Charkov en Kiev. Stêden dy't swier troffen binne troch de oarloch.
FryslânDOK 'Nei de oarloch gean ik nei hûs'
Sneon 5 novimber NPO2 15.30 oere (werhelling 6 novimber 13.20 oere)
Snein 6 novimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Karen mei 3 boeken © Dirk Hofstede
De famyljes wenje no yn Earnewâld en Aldegea. Karen Bies: "Der waarden minsken socht dy't Nederlânske les jaan koene oan de Oekraïners yn ús doarp. Eartiids haw ik Russysk studearre. Omdat ik wist dat in protte Oekraïeners gjin Ingelsk prate mar wol Russysk, tocht ik my op dy manier nuttich te meitsjen."
Olga Derenko © Dirk Hofstede
Olga Derenko is yn Aldegea kommen mei har beide soantsjes Maksym (9) en Denys (7). Har man Sergij is noch yn Kiev. Hy giet nei syn wurk, mar kin samar in oprop krije foar it leger. Mei har skoanmem Valentina en har skoansus Tanya en har bern wennet Olga yn in appartemint yn Aldegea.
Olga har eigen âlders wenje ek yn Aldegea, by doarpsbewenners yn 'e achtertún yn in chalet. Olga is fertaalster Ingelsk fan berop. Sy hat by it meitsjen fan dizze FryslânDOK in protte fertaalwurk foar har rekken nommen.
Olga, Maksym en Denys belje mei heit © Dirk Hofstede
Dmytro en Iryna Kuznetsov komme út Marioepol, in stêd oan de see fan Azov. Beide wurkje se dêr by de rjochtbank, Dmytro is rjochter. By de Russyske ynvaazje op 24 febrewaris 2022 falle de earste bommen op harren stêd. Dmytro en Iryna pakke de auto yn en gean sa gau mooglik, mei trije bern en Iryna har mem Nadya Marioepol út.
Karen Bies oer 'Nei de oarloch gean ik nei hûs'
Omdat Dmytro trije lytse bern hat, en omdat hy as rjochter al yn tsjinst is fan it lân, hoecht er net yn it leger en mei er Oekraïne ferlitte. Yn Fryslân komme se telâne yn in fakânsjehúske yn Earnewâld - dêr hat in kollega-rjochter út Amsterdam syn bungalow op It Wiid beskikber steld.
Iryna en Dmytro Kuznetsov © Jorrit Meinsma
Anna Begmenko en Alex Makarov binne ûndernimmers yn Charkov, in stêd mei oardel miljoen ynwenners yn it easten fan Oekraïne. Anna hat trije restaurants en in kofjekorner. Alex hat in fabryk yn strjittegels. Beide hawwe se krekt al har jild yn har saken ynvestearre, as de oarloch útbrekt. In bom fernielt ien fan Anna har restaurants. En nei in raketynslach yn in supermerk is der fan de kofjesaak ek neat mear oer.
Nei in wike yn in skûlkelder beslute Anna en Alex te flechtsjen. Alex mei, lykas Dmytro, it lân ferlitte omdat hy trije minderjierrige bern hat. It gesin komt, nei in reis fan tsien dagen troch Europa, yn Earnewâld telâne. Se krije plak boppe de resepsje fan Camping It Wiid.
Anna en Alex en de bern © Dirk Hofstede
In pear wike letter komt Anna har muoike Evdokiya ek nei Aldegea. Sy is 73 jier en wurdt opfongen yn it gesin fan Hilda en Sietze en harren jonkje Djurre fan 2 jier. In twadde berntsje is op komst.
It freget wol wat, as jo flechtlingen yn jo eigen hûs opfange. Hilda: "Mar it fielde daliks wol goed, it gong hiel natuerlik. As der wat is, prate we deroer." Yn septimber, foardat Hilda útrekkene is, ferhuzet Evdokiya nei in oare famylje yn Aldegea.
Hilda (l) en Evdokiya © Dirk Hofstede
Nei in pear moanne lesjaan freget Karen de groep oft se harren filmje en ynterviewe mei. "Ik tocht, hoe moat it foar harren wêze, hjir te wenjen yn in lyts Frysk doarpke, fredich en grien. Wylst de stêd en it lân dêr't jo sa fan hâlde, kapotsketten wurdt. Hjir besykje se wat fan har libben te meitsjen, mar op de achtergrûn is altyd de ûnwissichheid en it fertriet oer de oarloch."
De Oekraieners op strantsje Earnewâld © Jorrit Meinsma
It wurdt in simmer yn Fryslân wêryn't de groep leaf en leed mei elkoar dielt. Se dogge útstapkes - bygelyks nei it Skûtsjemuseum, en se gean te silen mei Age Veldboom. Se komme trou op Nederlânske les. Mar se tinke foaral oan thús en hoe't it fierder moat yn Oekraïne.
Mei Age Veldboom yn it Skûtsjemuseum © Dirk Hofstede
De FryslânDOK 'Nei de oarloch gean ik nei hûs' fertelt it ferhaal fan minsken dy't elkoar foarhinne net koene, mar troch de oarloch en it tafal byinoar brocht binne yn in Frysk doarp.