Fergeze waarme dûs by FC Burgum: "Allinne mar positive reaksjes"

© Omrop Fryslân, Mats Gies
Fuotbalklup FC Burgum hat dizze wike in soad positive reaksjes krigen. Minsken út de omjouwing dy't harren enerzjyrekken net mear betelje kinne, meie fan takom wike ôf by de klup fergees dûse.
"It idee is berne binnen de klup, troch de frijwilligers. Ik ha dan ek net ien ferfelende reaksje hân", fertelt foarsitter Dirk van der Woude. "Wy wolle in sosjale klup wêze, dêrom ha wy dit inisjatyf opset. Wy waarden dizze wike alwer ynhelle troch de realiteit, want de earste brûker stie al foar de doar."
Fergeze waarme dûs by FC Burgum
Sûnt twa jier makket FC Burgum gebrûk fan in kantine en klaaikeamers yn sporthal De Nije Westermar. Dat nije gebou is hast enerzjyneutraal en gasleas, wêrtroch't de fuotbalklup hast gjin enerzjyrekken hat. "Wat ús dit ekstra kostet, is te ferwaarleazgjen."
Minsken út de omjouwing dy't it finansjeel dreech ha, kinne op tiisdei- en tongersdeitejûn terjochte yn sporthal De Nije Westermar. Tusken 19.00 en 21.00 oere binne meardere klaaikeamers beskikber, dy't gewoanwei troch de skiedsrjochters brûkt wurde.