Jonge (15) swierferwûne nei fal út rút yn Drachten

Helptsjinsten by de wente dêr't it ynsidint barde © SRFotografie
Yn Drachten is freedtejûn in jonge fan 15 jier swierferwûne rekke by in fal út it rút. It ynsidint spile him ôf by in wente oan de Stasjonswei.
De melding kaam om kertier oer tsienen binnen. De plysje trof it slachtoffer swierferwûne oan op strjitte. De jonge is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.
De plysje docht spoareûndersyk yn en by de wente om derachter te kommen wat der krekt bard is. De wenning, de oprit en it fytspaad waarden ôfset fanwege it ûndersyk.