Teleks: Nij webstee oer it útstoarne Frysk fan Grinslân en East-Fryslân

logo.ensafh

De East-Fryske taalleafhawwer Menno Aden hat in webstee makke oer it Frysk dat eartiids eastlik fan de Lauwers praat waard, it saneamde Easterlauwerske Frysk.

Hjoed de dei bestiet it Fryske taalgebiet út trije “taaleilantsjes”: de provinsje Fryslân (en in lyts stikje Grinslân), de Dútske gemeente Sealterlân en – fier fuort – de Dútske provinsje Noard-Fryslân. It Fryske taalgebiet wie lykwols folle grutter. Tusken de rivieren de Lauwers (op de grins fan Fryslân en Grinslân) en de Wezer (by Bremerhaven) waard yn in fier ferline Easterlauwersk Frysk praat. Yn guon parten is dat sels noch net salang lyn, it Frysk fan it Waadeilân Wangerearch is bygelyks pas om 1950 hinne útstoarn.

Op it webstee is allegear ynformaasje byinoar brocht oer it Easterlauwerske Frysk, lykas online-neislachwurken en in beskriuwing fan de skiednis fan de taal.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *