Foarfjochtster foar frijwillich libbensein Klazien Alberda (91) ferstoarn

Klazien Alberda © ANP
Op 91-jierrige leeftiid is dizze wike Klazien Alberda ferstoarn. Alberda is de oprjochtster en earelid fan de Nederlandse Vereniging voor een Vrijwillig Levenseinde (NVVE).
Alberda wie de earste foarfjochtster foar in frijwillich libbensein. Noardwâlde en Finkegea wie yn 1973 dan ek wrâldnijs doe't dêr de NVVE oprjochte waard troch Klazien en har man Jaap Sybrandy.
Oanlieding foar dy oprjochting wie de rjochtsaak fan in húsdokter út Noardwâlde. Dy moast in wike de finzenis yn doe't útkaam dat sy eutanasy tapast hie op har sike mem.

Hoe't it begûn

Tegearre mei har man Andries wie húsdokter Truus Postma út Noardwâlde ien fan de minsken dy't yn de jierren '70 it taboe op eutanasy trochbruts. Op 19 oktober 1971 ferrjochte Truus eutanasy op har slim sike en ferlamme mem.
Neidat útkaam wat Truus dien hie, waard de offisier fan justysje ynskeakele, mar de doarpsgenoaten fan Truus wiene it hjir net mei iens. Se stienen efter it pear en der kaam in hantekenaksje dêr't goed 1.700 doarpsgenoaten yn oanjoegen de húsdokter te stypjen.
Uteinlik krige Truus Postma in finzenisstraf ûnder betingst fan ien wike en in proeftiid fan in jier.
Yn 1996 krige Jaap Sybrandy, de eks-man fan Alberda, eutanasy.
Seis jier letter, nei hast 30 jier striid, wie it yn 2002 safier: op 1 april 2002 giet de earste Nederlânske wet foar eutanasy fan krêft. Eutanasy is noch wol hieltyd strafber, mar in dokter dy't alle easken neilibbe hat, kin no in strafútsluting oanfreegje.
Yn de jierren nei de oprjochting groeide de NVVE út fan in lokale klup ta in lanlike organisaasje. Tsjinwurdich jout de feriening noch foarljochtingen, mar striidt ek noch hieltyd om mear keuzefrijheid by de libbensein.
Yn 2001 waard de doe 70-jierrige Alberda beneamd ta Offisier yn de oarder fan Oranje-Nassau.
Mei har ferstjerren is Weststellingwerf ien fan har markantste ynwenners ea ferlern. Sy lit in yngripend libbenswurk achter.