Skyldpodde-opfang kriget libbene skyldpod opstjoerd fia post

© Gerard van der Wijk
In pakketsje mei dêryn in libbene skyldpod yn syn eigen urine. By de skyldpodde-opfang op De Harkema wisten se net wat se seagen doe't se sneontemiddei de post binnenkrigen.

"Wy krije wolris faker in pakket hjir foar de doar dêr't minsken dan iten of sa yn dien ha. Mar dit ha ik noch nea meimakke", lit Gerard van der Wijk fan de stichting Schildpaddenopvang Nederland witte. "Dit doaske hie in libbene skyldpod dy't yn in handoek wikkele wie."

Eksoatyske skyldpod

It giet om in saneamde gielwangskyldpod. Dy komme gewoanwei foar yn Noard-Amearika, mar yntusken binne der ek tûzenen yn Nederlân te finen dy't troch eigeners útset binne yn 'e natuer. In situaasje dy't foar de bisten net goed is, sa seit Van der Wijk. "Eins is it hjir yn ús lân krekt te kâld foar harren om in aardich libben te hawwen."
Dizze skyldpod hat in longûntstekking. By skyldpodden is dat libbensbedriigjend. Dêrom kriget er no antibioatika.
Gerard van der Wijk, stichting Schildpaddenopvang Nederland
It eksimplaar dat sneontemiddei fia de post binnenkaam is, is der net goed oan ta. "Kinst skyldpodden hiel rap beoardiele. Dizze siet ûnder it slym en it snot, dan hast al wol in idee dat it net goed is", fertelt Van der Wijk. "Dizze hat in flinke longûntstekking te pakken. By skyldpodden is dat libbensbedriigjend. Dêrom kriget er antibioatika."

Om de kosten fan de medikaasje werom te krijen, is in donaasje-aksje op tou set. Dêr is yntusken mear as hûndert euro mei ophelle, genôch om de kosten te dekken. Oft de medisinen oanslaan, is noch net te sizzen. Dêr gean in pear dagen oerhinne.

Ferbean

Yn de tuskentiid wol de opfang besykje de ôfstjoerder te efterheljen. "Sjoch, it is sawiesa ferbean yn Nederlân om libbene bisten te ferstjoeren fia de post. Fan PostNL ha wy yntusken al reaksje krigen. Sy advisearje om oanjefte te dwaan, om't de plysje dan miskien de ferstjoerder achterhelje kin."
© Gerard van der Wijk
Van der Wijk hat wol in idee hoe't it safier kaam is. "Ik kin my yntinke dat minsken gjin jild ha yn dizze djoere tiid om medisinen te beteljen foar in siik bist. Miskien ha se skamte om ús te beljen, mar wit dan dat wy altyd begryp ha foar sokke situaasjes. Minsken kinne harren skyldpod altyd bringe, en yn guon gefallen kinne wy it bistje ek ophelje. Dan witte wy ek it achtergrûnferhaal, hoe lang de skyldpod al siik is en wat der spilet. Mar sa, op dizze manier, dat kin fansels net."