Oanspield lichem by Skylge is fan fermiste 49-jierrige man út Tsjalbert

It lichem is mei de plysjeboat nei Harns brocht om dêrwei nei Drachten riden te wurden © CAMJO media
It lichem fan de oanspielde persoan by Skylge, dat sneintemoarn fûn waard, is fan de 49-jierrige man út Tsjalbert dy't fermist wie nei it ûngelok fan 21 oktober tusken twa skippen by it eilân. Dat hat de plysje snein befêstige.
By it ûngelok tusken de fearboat Tiger fan Rederij Doeksen en wettertaksy de Stormloper kamen twa persoanen om it libben. Twa oaren rekken fermist. Ien fan harren is no fûn, in jonkje fan tolve jier wurdt noch altyd fermist.
De man wurke by boubedriuw Friso. Hy wie foar syn wurk mei de wettertaksy ûnderweis nei Skylge.