Teleks: Fryske Boekewike – Hat de Fryske literatuer de skynwerpers nedich?

logo.ensafh

Yn de Fryske Boekewike wurdt tradysjegetrou de literatuer fan eigen boaiem yn de skynwerpers set. Mar yn hoefier hawwe Fryske skriuwers en útjouwers dat setsje yn ‘e rêch eins nedich?
Leafhawwers fan it Fryske boek moeten inoar op 28 oktober yn sealesintrum Hof van de Koning op It Hearrenfean. Dêr waard mei it Boekefeest de Fryske Boekewike ôftrape. It grutte momint wie de presintaasje fan De oarloch fan Jan Snip, it boekewikegeskink fan auteur Ferdinand de Jong. Elk dy’t oant en mei 6 novimber foar 15 euro oan boeken keapet, krijt it eksimplaar fergees mei nei hûs.
Doel fan it evenemint is de Fryske literatuer fierder omheech te bringen. ‘Fierder’, want it hat it paad omheech fûn, seit Ernst Bruinsma, útjouwer by Afûk.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *