Sjoch hjir in ekstra Fryslân Hjoed oer de fynst fan in slachtoffer fan it boatûngelok by Skylge

Sjoch hjir de ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed werom mei it lêste nijs oer de fynst fan it lichem fan de 49-jierrige man út Tsjalbert dy't fermist wie nei it boatûngelok by Skylge op 21 oktober.
Sneintemoarn waard it lichem fan de man op de uterste punt fan natuergebiet de Noardfarder fûn. Krekt foar 15.00 oere waard bekendmakke dat it gie om de man út Tsjalbert.
Al sûnt de oanfarring tusken de snelboat Tiger en de wettertaksy Stormloper yn it Skûtegat binne de helptsjinsten dwaande mei in syktocht nei de man en in 12-jierrige jonge. Dy lêste wurdt noch hieltyd fermist.
Twa oare minsken binne by it ûngelok om it libben kaam.