Ferskillende emoasjes op Skylge nei fynst stoflik omskot fan slachtoffer boatûngelok

© ANP
It nijs dat it stoflik omskot fan de 49-jierrige man út Tsjalbert fûn is, dy't fermist waard nei it boatûngelok by it Skûtegat by Skylge, soarget foar ferskillende reaksjes op it eilân.
Oan de iene kant is it moai dat de ûnwissigens no fuort is, oan de oare kant bliuwt it in tryste saak. Boppedat wurdt in jonkje fan 12 noch hieltyd fermist.
Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge seit dat it nijs hurd binnenkaam op it eilân. Al fluch nei de fynst fan it lichem waard se ynformearre troch de teamsjef fan de plysje yn Harns, mar doe wie noch net dúdlik oft it om ien fan de fermisten nei it boatûngelok gie.
Boargemaster Caroline van de Pol: "Petje af voor de hulpdiensten"
"Op het moment dat er een stoffelijk overschot wordt gevonden, kun je wel logischerwijs redeneren dat het wellicht een van de vermiste mensen is, maar dat is een aanname en het is heel belangrijk om zekerheid te hebben over het slachtoffer en zeker ook voor de familie", seit Van de Pol.

Komplimint foar de helptsjinsten

Op Skylge waard snein ek de Berenloop organisearre. It soarge foar ferskillende emoasjes op it eilân. "De vlaggen hingen halfstok, zowel door de organisatie als de inwoners op een deel van het traject. Aan de andere kant is het een heel sportieve bijeenkomst", seit Van de Pol.
"Ik begrijp ook wel dat je een euforisch gevoel hebt als je met windkracht 6 en zware slagregens die halve of die hele marathon uitloopt, maar het blijft natuurlijk een heel dubbel gevoel."
De boargemaster fynt dat de helpferlieners in komplimint fertsjinje. "Je ziet het niet altijd, maar ze zijn met zoveel energie aan het zoeken geweest en gaan ook nog door. Petje af voor alle hulpdiensten."

Plysje socht kontakt mei famyljes

Doe't it lichem fûn waard, hat de plysje fuort kontakt socht mei de famyljes fan de twa noch fermiste persoanen, fertelt Sascha Suselbeek fan de plysje. "Samen met hen hebben we vast kunnen stellen dat het om de 49-jarige man gaat."
De plysje oer de fynst fan it lichem
By de plysje binne se bliid dat de earste fermiste weromfûn is, al bliuwt it in tryste kwestje. "Wij hopen dat we de tweede vermiste ook snel terug gaan vinden en dat de familie daarmee ook de volgende stap kan zetten in hun rouwproces, want het blijft natuurlijk een hele nare, trieste zaak", seit Suselbeek.
Neffens him is it net sein dat de twadde fermiste, it 12-jierrige jonkje, yn de buert fan it lichem fan de 49-jierrige man fûn wurdt. "Wat het lastig maakt, is dat de zee heel erg grillig is en dat de waterstromingen zo'n zoektocht bemoeilijken."

Twivel by Berenloop

Doe't it nijs fan de fynst fan it lichem binnenkaam, hat de organisaasje fan hurdrinevenemint de Berenloop wol efkes twivele oer wat se dwaan moasten. "Uiteraard hebben we met alle instanties besproken wat we moesten doen. We zijn zeer begaan met de familie van de vermisten", seit Willem Gerrits fan de organisaasje.
De organisaasje fan de Berenloop hat it evenemint trochgean litten
"Bij de start van zowel de hele als de halve marathon hebben wij een periode stilte gehad en op het Torenplein hebben we de vlaggen halfstok gehangen."

Ofsizzen gjin opsje

It ôfsizzen fan de wedstriid wie gjin opsje. "Daar hebben we natuurlijk naar gekeken. Als je het afgelast, is het probleem dat er toch 5000 man gaan lopen en dan wordt het ongecontroleerd. Die verantwoording konden we niet nemen."
De rûte gie ek gewoan oer it strân. "Zodra er ook maar iets aan de hand zou zijn, zouden we ons calamiteitenplan in werking stellen en zou het strand afgesloten worden. Alleen is de vermiste persoon op een stuk strand gevonden dat ver van de Berenlooproute was."