"Neem je ouders mee uit eten"; fergees miel foar Ljouwerter famyljes

© Omrop Fryslân
Wykliks kinne 25 húshâldingen (sa'n 100 minsken) in fergees miel krije yn it restaurant yn it bedriuwssammelgebou De Doas yn Ljouwert, dêr't ek de Kringloopwinkel fan de stichting sit.
Mei de aksje "Neem je ouders mee uit eten" wol de Stichting Sta op voor Kinderen de famyljes stypje dy't it dreech ha mei de hege enerzjyprizen.
Oare jierren die de stichting oan de ein fan it jier altyd de oprop om boadskippen te keapjen dy't se nei Roemenië stjoerden foar de minsken dêr. "Dat idee vonden we dit jaar niet gepast om dat te vragen in deze tijd van dure boodschappen en hoge energieprijzen, dus helpen we nu gezinnen in Leeuwarden", seit Richard van der Pols fan de stichting.
Ferline wike wie de earste sesje. Doe kamen der 13 húshâldingen mei yn totaal 44 minsken. Der wienen 300 útnûgingen ferstjoerd.

Donateurs

De aksje rint oant 1 maart. It jild foar it iten komt ûnder oare út de winst dy't se meitsje by de eigen kringloopwinkeld. "We werken met vrijwilligers en hebben lage lasten. Met donaties erbij kunnen we de eerste twee maanden financieren. Voor volgend jaar hebben we fondsen en kerken aangeschreven om zo het geld bij elkaar te krijgen."
Minsken kinne har oanmelde op info@staopvoorkinderen.nl. De Doas sit yn de Cornelis Trooststraat 48 yn Ljouwert.
De doelgroep binne famyljes yn de bystân en minsken mei in ynkommen ûnder modaal. "Ze kunnen niet naar de Voedselbank en hebben het ook moeilijk. Bij de aanmeldingen gaan we niet controleren."

Skamte

Dat it by de earste sesje net fol siet, kin neffens Van der Pols te krijen ha mei skamte. "Dat hoeft niet, stap erover heen en kom voor een leuk en gezellig diner. Mensen zijn van harte welkom."
© Stichting Sta Op voor kinderen
De ynflaasje hat ek syn wjerslach op de stichting. "De donateurs die we hebben, zijn trouw, maar er komen niet gemakkelijke nieuwe donateurs bij. Onze kringloopwinkel doet het goed, daar zit nog wel groei dus in."
Ek de minsken yn Roemenië wurde net oerslein dit jier, se krije jild om dêr sels iten fan te keapjen.