Ferbliuwsfergunning foar Iraanske famylje dy't jierren yn Burgumer azc wenne

Asylsikerssintrum yn Burgum © RTV NOF, Mats Gies
De Iraanske húshâlding dy't jierren yn it asylsikerssintrum yn Burgum wenne en weromstjoerd drige te wurden, hat in ferbliuwsfergunning krigen.
De famylje is kristlik, mar de Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND), leaude dat net. Dêrom waarden se mids septimber fuorthelle út Burgum en nei it útsetsintrum yn Zeist brocht. Heit, mem en dochter fan njoggen ha dêr fiif wiken sitten. Doe makke de IND bekend dat har saak wer op 'e nij besjoen wurde soe.
Sneon waard bekend dat se bliuwe meie. De famylje gie yn de Burgumer tiid nei de grifformeard-frijmakke tsjerke yn Noardburgum. Dûmny Marco Buitenhuis fan de tsjerke hâlde al dy tiid kontakt.
"We konden het bijna niet geloven", seit Buitenhuis. "Het was tot op het laatst spannend. Ze konden het zelf ook bijna niet geloven." De famylje hat it fierd en is hiel bliid fansels.
Iraanske famylje krijt nei jierren in ferbliuwsfergunning
Nei alle gedachten komme se net werom nei Burgum. "Er zal een gemeente aan hen toegewezen worden waar ze moeten wachten op woonruimte, waar dat is, dat ligt aan de IND." Safier tinkt de famylje noch net, se binne no foaral ferromme.

Spanning

"Dat de spanning nu weg is, zeker de vijf weken dat ze in Zeist waren, was heel traumatisch voor het gezin. Ik hoop dat ze dat echt achter zich kunnen laten."
Nei Zeist gie de famylje nei Amsterdam dêr't de tsjerke dêr it kontakt oernaam hat. Oft syn tsjerke noch wat dwaan kin, is net te sizzen. "Het is heel bijzonder wat we de afgelopen periode hebben meegemaakt. Ik denk dat we wel vrienden voor het leven zijn."
Dûmny Marco Buitenhuis