ChristenUnie wol dat VVD oerstaach giet mei asyldeal: "It docht by ús ek sear"

Matthijs de Vries © ChristenUnie
De VVD-fraksje yn de Twadde Keamer moat akkoart gean mei de asyldeal, oars komt Nederlân noait út de krisissituaasje. Dat seit Matthijs de Vries, fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie yn de Fryske Steaten.
In part fan de leden fan de ChristenUnie wol dat de partij ein novimber op it kongres it fertrouwen opseit yn koälysjepartner VVD, as dy net akkoart giet mei de asyldeal.
"Ik gean der net oer, mar wat my oanbelanget moat de VVD 'om' yn dit dossier", seit De Vries. In part fan de VVD-fraksje hat problemen mei de asyldeal. Dy fine it te romhertich.

"Dit is de ûndergrins"

De deal docht de ChristenUnie ek sear, mar dan omdat se it eins te strang fine. "Wat ús oanbelanget is dit de ûndergrins", seit De Vries. "Trije partijen (ChristenUnie, D66 en CDA, red.) ha sein: it docht sear, mar we geane akkoart. Dan moat de VVD no ek oerstaach."
De ferwachting wie dat de koälysjepartijen yn de Twadde Keamer moandei achter de asyldeal stean gean soenen, mar dat barde net. Partijlieder Mark Rutte sil dêrom tiisdei besykje de VVD-fraksje by te praten en oer te heljen.
Je wolle net twinge, mar de rek is derút.
Matthijs de Vries
Underdiel fan de asyldeal is dat der in ferplichtsjend karakter yn sit rjochting gemeenten. De regearing kin gemeenten twinge om flechtlingen op te fangen. Dat de VVD dêr problemen mei hat, kin De Vries noch wol begripe. "Want je wolle net twinge. Mar no komt de druk en de kapasiteit by in hiel lyts part fan alle gemeenten. De rek is derút."
Dêrom is it doel fan de asyldeal dat flechtlingen ferspraat wurde oer de gemeenten. "Dan krije we struktuer en kinne we de minsken op in goede manier opfange. Oars krije je hieltyd wer diskusje."
Steatssekretaris Eric van der Burg (Asyl) "baalt heel erg" dat er syn nije wet oer in bettere sprieding fan de asylopfang noch net nei de Twadde Keamer stjoere kin. Syn doel om de wet op 1 jannewaris yn te fieren "begint inmiddels wel heel erg krap te worden".
De Vries, ek listlûker by de Steateferkiezingen yn maart, hopet dêrom dat der dochs noch in akkoart komt. "We moatte in ôfspraak meitsje en wy tinke dat dit in realistyske ôfspraak is. As we dit net foar elkoar krije, dan bliuwe we yn in krisissituaasje. En yn dy situaasje sitte we al jierren."
Hy wol noch net it fertrouwen yn de VVD opsizze. "Ik wol earst ôfwachtsje hoe't it giet nei't Rutte mei de VVD-fraksje praat hat. Mar ik stypje ús Keamerfraksje: dizze wet is de ûndergrins."