Snoeiwurk iuwenâlde beammen by Stienzer tsjerke úteinset: "Sa bliid as in protter"

De linebeammen by de Sint-Vitustsjerke wurde snoeid © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
De ymposante linebeammen om de Sint-Vitustsjerke yn Stiens hinne wurde in kopke lytser makke. It duorre 5 jier foardat it jild foar it snoeien byinoar wie, mar moandeitemoarn koe it wurk dan einliks úteinsette.
De grutte snoeibeurt is nedich om de hast 250 jier âlde beamsingel te behâlden foar de takomst. De beammen wurde op in lingte fan sa'n 10 meter fan de grûn ôf ôfseage.
Neffens Nico Kelderhuis fan de ôfdieling Grien fan de gemeente Ljouwert waard yn it ferline folle faker de top út de beammen helle. De ôfrûne 30 jier is dat net bard en dêrom binne de beammen no te heech wurden. Guon beammen binne sels mear as 20 meter heech, dus in grut part fan de top wurdt der úthelle.
De beammen by de Sint-Vitustsjerke yn Stiens binne oan grut ûnderhâld ta
Stienzer tsjerkerintmaster Lubbert Tilma is bliid dat it wurk úteinset is. "Sa bliid as in protter. Alle jierren falle der mei stoarm grutte of minder grutte tûken út. It is net ûngefaarlik om by stoarm hjir by de tsjerke te wêzen. Dat kin net mear."
Sûnder it yngripende snoeiwurk is de kâns grut dat de singel fan linebeammen oer in jier as tritich ferdwûn is, seit Tilma. "Alle jierren of om de twa jier giet der wolris in beam dea. Wy kinne se net byplantsje, want it is te tsjuster om in nije beam oan 'e gong te krijen."

Ryksmonumint

It wie dreech om it jild foar it snoeien byinoar te garjen. De tsjerkeried wie sûnt 2017 op syk nei sponsoaren. Der wie mei-inoar 200.000 euro nedich foar it ûnderhâld. De gemeente Ljouwert woe net ta de bûse, mar holp wol mei advys en ûndersyk.
Fierders ha de Sint-Vitustsjerke, it hôf en de singel in Ryksmonumintestatus krigen. En dêr heart jild by foar ûnderhâld. Mei finansjele stipe fan doarpsbelang Stiens en ferskate fûnsen kinne alle beammen no lang om let ûnder hannen naam wurde.