Frijwilligers Mynmaatsje biede waarmte en in praatsje, mar ek help by jildsaken

Jild © Pixabay
Hieltyd mear minsken hawwe help nedich by jildsaken. Ek by Fryske maatskiplike organisaasjes en helpferlieningsynstânsjes komme der in soad oanfragen binnen.
Lykas by De Skûle Welzijn yn Harns en Frjentsjer. Se binne in maatsjesprojekt begûn, bouwe (buert)netwurken op en stelle it wyksintrum faker iepen om de waarmte te dielen.
Mei it projekt 'Deel de warmte' wolle se de romten yn kaart bringe, dêr't minsken waarm sitte kinne yn de gemeente Waadhoeke. "En dêr't je in bakje kofje drinke kinne, sadat thús de kachel net oan hoecht", leit koördinator Ilse Koornstra út. "Dat kin yn wyksintrum De Skûle wêze of yn de biblioteek of it doarpshûs."

Ferlet fan frijwilligers

Neidat it maatsjesprojekt yn Harns goed rûn, kaam der ek ien yn Frjentsjer. En omdat it net allinnich oer earmoed giet, mar ek om in praatsje of wat selskip, hat Mynmaatsje Waadhoeke ferlet fan frijwilligers.
Mynmaatsje siket frijwilligers om minsken te helpen
"We binne yn septimber begûn yn de gemeente Waadhoeke en de oanfragen komme wol binnen", seit Koornstra. "Dat is natuerlik moai, want dêrom sette wy dit op. Mar no hawwe wy in fraach nei frijwilligers."
De oerheid is mei de kampanje 'Je staat er niet alleen voor' úteinset om minsken it paad te wizen. Op geldfit.nl kin eltsenien ynformaasje fine oer finansjele helpfragen. In kampanje foar minsken mei jildsoargen is needsaaklik, fynt opbouwurker Silvia Stavleu fan De Skûle Welzijn.

Yngewikkeld

"Ja, dat is een goede saak", seit Stavleu. "Ik tink dat it hieltyd belangriker wurdt om dat te dwaan. It wurdt hieltyd yngewikkelder om rûn te kommen. Mar it wurdt ek hieltyd yngewikkelder om de goede taslaggen en alles, dêr't je foar yn oanmerking komme, op te freegjen."
Minsken kinne nei De Skûle foar in bakje kofje en in praatsje © Omrop Fryslân
Sels stypje se minsken mei jildproblemen troch mei aktiviteiten en stipepunten ynwenners mei elkoar yn kontakt te bringen. En út De Skûle wei fasilitearje se boargerinisjativen.

Fan Amsterdam nei de Westhoeke

Stavleu neamt in foarbyld fan in mem út Amsterdam dy't yn De Westhoek kaam te wenjen. Se krige fan in kollega út ien fan de gebietsteams te hearren dat dy mem neat hie. "Se hie in bernewein en wat klean nedich. Dy bring ik yn kontakt mei it besteande netwurk fan ynwenners, troch ynwenners. Se hat úteinlik alles krigen. En se hat in netwurk en dat is miskien wol it belangrykste."