Earste groep flechtlingen oankaam by opfangskip River Diamond yn Harns

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It cruiseskip River Diamond leit de kommende seis moannen yn de haven fan Harns as krisisneedopfang om it oanmeldsintrum yn Ter Apel te ûntlêsten.
It skip, ien fan de 14 dy't yn Nederlân ynset wurde, biedt plak oan maksimaal 170 flechtlingen. De earste groep fan 30 flechtlingen kaam moandei oan by it skip.
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns krige yn rûnlieding oer it skip. De flechtlingen ferbliuwe yn twapersoanskeamers. Sjerps fûn dy wol wat lyts. "Ik denk dat als je daar een half jaar verblijft met iemand die je niet kent, dat het mij wel zou aanvliegen. Maar onder de omstandigheden is het een heel nette voorziening."
Sa sjocht it opfangskip River Diamond derút
Tiisdei komt der wer in groep oan by it skip, want dan wurde de earste famyljes ferwachte. Der wurde allinnich folwoeksen flechtlingen opfongen. "In verband met het verdrinkingsgevaar hebben we gedacht geen kleine kinderen aan boord te moeten nemen. Grote mensen kunnen natuurlijk ook verdrinken, maar die kun je iets beter de gevaren van water uitleggen."
By de tawizing fan de twapersoanskeamers wurdt sjoen oft de flechtlingen byinoar passe. "We krijgen natuurlijk verschillende groepen", seit Theo Röttjers fan Veiligheidsregio Fryslân. "Syriërs, mensen uit Afghanistan, uit Ethiopië, veel uit het Midden-Oosten. We zullen kijken hoe we daar goede koppels van kunnen maken."