Sandra de Jong-Snip listlûker foar Provinciaal Belang Fryslân

Sandra de Jong-Snip © Provinciaal Belang Fryslân
Sandra de Jong-Snip fan Drachten is de listlûker foar Provinciaal Belang Fryslân by de Provinsjale Steateferkiezingen takom jier maart. De Jong-Snip is gemeenteriedslid foar de ELP yn Smellingerlân.
Provinciaal Belang Fryslân is in gearwurking tusken ferskate lokale partijen. Ankie Speel-Bakker fan Gemeentebelangen Hearrenfean komt op plak twa fan de kandidatelist. Dat is bepaald by in ledegearkomste.
It bestjoer fan de partij hat "er alle vertrouwen in dat Sandra en de overige kandidaten een goed verkiezingsresultaat gaan behalen".