Fryske bern ite en drinke sûner as fjouwer jier lyn

© ANP Foto
Fryske bern ite en drinke sûner as fjouwer jier lyn. Dat docht bliken út ûndersyk fan GGD Fryslân nei de sûnens fan bern tusken de nul en tolve jier âld. Goed 11.000 âlders follen in fragelist yn.
De bern ite neffens it ûndersyk faker deistich fruit en griente as fjouwer jier lyn. It drinken fan sûkerhâldende dranken is omleech gien fan sechtich nei 48 persint, wylst it drinken fan wetter omheech gie fan 51 nei 59 persint.
Bern geane lykwols wol minder faak nei in sportferiening. Benammen bern fan âlden mei in lytse beurs geane minder nei in sportferiening as oare bern. Neffens de GGD kinne de gefolgen fan earmoed negative gefolgen hawwe foar de sûnens fan de bern. Sa geane bern yn earmoed ek minder faak nei de toskedokter en ite se minder faak moarns.
It ûndersyk mei de namme Kindmonitor wurdt elke fjouwer jier útfierd. De GGD hat de resultaten meld oan alle Fryske gemeenten.