Groep Steatefraksjes stelt foar in miljoen út te lûken tsjin de enerzjykrisis

Kinne de terrasferwaarmers noch wol oan mei de hege enerzjyrekken? © ANP
De provinsje soe takom jier 1 miljoen euro útlûke moatte tsjin de enerzjykrisis, fynt in groep Steatefraksjes. It jild soe betelle wurde moatte út de opbringsten fan Wynpark Fryslân.
It wynpark by de Ofslútdyk smyt mear jild op as ferwachte troch de hege enerzjyprizen. Dat jild soe dêrom goed ynset wurde kinne tsjin de enerzjyproblematyk, sa fine CDA, PvdA, FNP, VVD, D66, ChristenUnie en it Steatelid Maarten Goudzwaard.
Har foarstel is om yn de nije begrutting 500.000 euro oan it mkb te jaan en 500.000 oan doarpshuzen en it ferieningslibben.
Mei it jild soene ûnder oare enerzjycoaches komme moatte. Dy binne der al wol foar hierders en partikulieren, mar soene ek it mkb, doarpshuzen en ferieningen helpe kinne om har gebouwen te ferduorsumjen.

Nei aard en skaal provinsje

CDA-Steatelid Aebe Aalberts is him der fan bewust dat mei it miljoen de enerzjyrekken net kompensearre wurde kin. As provinsje kinne je mar beheind oplossingen biede, jout hy oan. Advys jaan heart wol by de aard en skaal fan de provinsje.
It wynpark is mei maatskiplik jild delset, jout Aalberts oan. It rendemint is no heech, dus neffens him soe dit in goede wize wêze om it werom yn de mienskip te stekken. "Al binne der ferskate rûten dêr't it jild wei komme kin, der sit ek noch wol wat yn de frij brûkbere reserven."
CDA-Steatelid Aebe Aalberts
Woansdei tsjinje de partijen it foarstel offisjeel yn.