Gemeente pakt 'ûnfeilich' fytsoerstekplak foar stasjon Ljouwert oan

Fytsers stekke de dyk no skean oer, dat wurdt aanst heaksk © Omrop Fryslân
It fytsoerstekplak foar it Ljouwerter treinstasjon wurdt oanpast. De gemeente fynt dat nedich fanwegen it hege tal oanridingen dêr.
It Stationsplein is yn 2017 werynrjochte. Yn de fjouwer jier dêrfoar waarden seis fytsers oanriden troch automobilisten, nei dy tiid al 21.
De fytsers stekke yn de hjoeddeistige situaasje skean de dyk oer en ha dêrby foarrang op it autoferkear. De gemeente wol no in mear heakske bocht meitsje, sadat fytsers mear ôfremje moatte.
Mei 'grienbakken' wol de gemeente foarkomme dat fytsers de bocht ôfsnije. Mei in heakske bocht soenen de fytsers boppedat better sichtber wurde moatte foar automobilisten.
Untwerp fan hoe't it oerstekplak der út komt te sjen © Gemeente Ljouwert
"Heel veel mensen noemen dit een onveilige oversteek", seit wethâlder Evert Stellingwerf. "We hebben al meerdere maatregelen genomen om het veiliger te maken, dit bleek onvoldoende. Het is mooi dat we het nu opnieuw gaan inrichten voor een veilige oversteek."
Stellingwerf jout fierder oan dat auto's ûndergeskikt bliuwe. Der komme grien en markearringen om it ferkear ôf te remjen, de fytsoerstek krijt in dúdlike kleur en de maksimale snelheid foar auto's giet nei 15 km de oere. It hat bliken dien dat likegoed fytsers as auto's te hurd ride op it plak.
Earder waarden der ek al plantebakken pleatst om de snelheid fan it autoferkear te ferleegjen en is der mear ferljochting kaam by it plak. Dat hat neffens de gemeente net genôch holpen.
Om it oerstekplak oan te pakken, is de dyk foar it stasjon tusken de rotondes fan de Zuidersingel en it Zuiderplein fan 21 novimber oant en mei 16 desimber ticht foar autoferkear. Fytsers wurde omlaat oer de Baljéestraat of by it Zuiderplein.