Henk Nijp

Opfriesen

logo.ensafh

Wat is dat dochs mei dy reklameburo’s fan hjoed-de-dei? Jumbo’s kreativen sjitte in grouwelige bok mei as bouwarbeiders ferklaaide oranjefans op in bousteiger. Hossende BN’ers en oare figuranten dûnsje der op om en ha blykber nea fan Qatar en de narichheid dêr heard. Of it lit har planút ûnferskillich. Jan Smit, Frank Lammers, rapper Donnie, De Toppers, it Jumbo-Visma ridersteam (mei Jutta en Jorrit), ha dy net oanfield dat sa’n fertoaning op ‘e bou net yn heak is? Binne dy sa ûnnoazel? No ja fan ‘e Toppers kin ik my der noch wat by yntinke, mar dy oaren… Ik woe se wizer ha. Doe’t se der nei frege waarden hoe’t it no krekt siet, joech der net ien sjoege. Jumbo siet al net op free publicity te wachtsjen mei it each op boppebaas Van Eerd en de bulte hjerstich omdwarreljende bankbiljetten by him thús yn ‘e linnenkast.
Mar hjir kinne wy der ek wat mei. Tsjintwurdich ha jo de mooglikheid om hjir ‘op te friesen.’ Ja werklik, jo lêze it goed ‘opfriesen’. De jonges en famkes fan Merk Fryslân ha in nij wurd betocht… Mar earst even dit, Merk Fryslân wol soargje dat der it hiele jier troch toeristen nei ús provinsje komme. Net allinne mar yn ‘e simmer- of oare fakânsjes mar sa, dat it hjir nea echt drok wurdt en it toeristefolk ferspraad oer alle fjouwer seizoenen hjirhinne bûkelt en der nea wer pykmominten yn ‘e toeristestream ûntsteane. Dat hjit ‘destinaasje management’. Dêrta hat Merk Fryslân sa no en dan in nije kampanje. En de nijste giet dus oer ‘opfriesen’, it betsjut sawat it folgjende:
Even lekker opfriesen: Of je nu gaat wandelen, wapperen of badderen, iedereen kan het. Het enige wat je nodig hebt is de behoefte om je kop leeg te maken en je neus in de wind te steken. Opfriesen, dat is opladen Friesland Style.
No, humor dochs? Opfriesen yn it plak fan opfrisse, wat in fynst! Je soene it der kâld fan krije. Kuierje dêr kin ik noch wol bykomme, mar wapperje, en badderje? Hoesa moat dat spesjaal yn Fryslân, yn ‘e winter? En wêr moat dat dan? De kop even leech meitsje, prima, en de noas yn ‘e wyn stekke dat slagget winterdeis meastentiids ek wol. Mar komme toeristen dêrfoar spesjaal hjirhinne? No, faaks net mar der is noch folle mear, hear: Kanoën, suppen, fietsen, klimmen en klauteren, het kan het hele jaar door. Laat de adrenaline door je lijf gieren of geniet er rustig op los, het gaat erom dat je je batterij oplaadt en geniet van jouw opfriesmoment.
Ja, dat kín fansels it hiele jier troch alteast dy earste trije aktiviteiten al is dat neffens my yn ‘e maitiid en ‘e simmer folle nofliker, mar foarút, it soe kinne. Mei dat ‘klimmen en klauteren’ ha ik wat mear muoite. Wêr yn’e goedichheid kin dat hjir? De terp fan Hegebeintum? De keale dunen by Apelsgea, it treppehûs fan de Oldehou faaks of de Bonnematoer? Of kin der abseild wurde fan de keatsmuorre yn Frjentsjer? Of ha wy neist de super publykslûker Eleven Fountains, ek ynienen The Frisian Mountains, ha ik wat mist?
Wy binne der lykwols noch net, wy kinne Fryslân mar amper, let op:
Ontdek het echte Friesland, Slow living: een ware kunst. En we willen niet opscheppen ofzo, maar wij kunnen dat. Friezen doen alles namelijk nét even anders. Net even wat relaxter, logischer en gemoedelijker.  We doen zo’n beetje alles bijna hetzelfde als de rest van Nederland, maar toch maken al die kleine ‘net-andersen’ samen Friesland compleet anders.
Dêr geane wy wer, slow living, alles bart hjir blykber noch hieltyd likernôch 25 jier letter fanwegen ús sleauwe libben. Dat komt der fan ast sa relaxt en gemoedlik bist! Mar wat wy dogge, dogge we dan wol wer logysker as de rest fan Nederlân, (dat binne eins mar tiishollen!) mar wol in bytsje oars en eintsjebeslút meimekoar dochs wer folslein oars. Logysk no?
Merk Fryslân hat sa’n 200.000 euro útlutsen foar dizze promoasjekampanje. It grutste part fan it budzjet wurdt bestege oan de commercial, die sûnt begjin novimber by de publike omrop te sjen is. De kampanje wurdt ek holden in Flaanderen, Nedersaksen en Noardrein-Westfalen, dêr komt de reklamespot lykwols nét op tv. Kin helpe! Op de website fan Merk Fryslân stiet noch folle mear moais oer it bêste lân fan d’ ierde, Want yn Fryslân stiet lok op ien. No en yn’e takomst. Marre…, no net allegearre tagelyk dizze kant op komme, hen!

1 reaksjes op “Opfriesen

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *