Fraksjes Waadhoeke: 'Spanning oer húsfesting arbeidsmigranten rint te bot op'

Paul de Cock fan FNP Waadhoeke © Omrop Fryslân
It kin sa net langer mei de keamerferhier oan arbeidsmigranten, fine ferskate riedsfraksjes yn Waadhoeke. Sy wolle dat de gemeente ferhier pas tastiet as de fergunning rûn is. En dat der hanthavene wurdt.
Under oaren GemeenteBelangen, SAM en FNP Waadhoeke meitsje har soargen en hawwe fragen oan it kolleezje steld. De bewenners fan Sint Jabik, Minnertsgea, Tsjummearum, Easterbierrum en Seisbierrum fiele har net heard.
De fraksjes wolle dat gemeente pas tastiet dat der huzen foar keamerferhier brûkt wurde, as de fergunning regele is. Dêrmei wurdt kontrolearre oft der in goede en brânfeilige wenromte is. Op dit stuit bart it faak oarsom.

Unrêst, doarpen fiele har net-heard

"Aan de noordzijde van onze gemeente is heel veel onrust over illegale kamerverhuur. Men vraagt de gemeente daartegen op te treden, maar de gemeente doet dat eigenlijk niet. De dorpen en inwoners voelen zich niet gehoord", seit Paul de Cock fan de FNP.
De fraksjes wolle dat de gemeente earder yn aksje komt by yllegale situaasjes en hanthavenet. De arbeidsmigranten soene minder op de leefberens fan de mienskip drukke moatte. "En luister naar de dorpen", jout De Cock oan.
Soargen oer húsfesting fan arbeidsmigranten by ynwenners fan gemeente Waadhoeke
Der is in ferbliuw foar arbeidsmigranten dêr't Waadhoeke wól grutsk op is: De Aardappelbeurs yn Sint Jabik. Sels minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken kaam op útnuging del. It moat in perfekt foarbyld wêze hoe't arbeidsmigranten húsfêste wurde kinne.

Grutsk op de Aardappelbeurs

"It is in kluster dêr't sa'n 46 minsken wenje: in oantal yn it eardere kafee en in aantal yn wenromten dêromhinne. De minsken wenje byinoar en der sit in behearder by. As der problemen binne, wurdt fuortendaalks yngrypt", seit Oene Krist, foarsitter fan MFC 't Beerdhuus yn Sint Jabik.
Oerlêst is der suver net. "It wennet hjir fredich. Ek wat it behearen oanbelanget is it in stik oantrekliker as dat alle 46 minsken oer meardere huzen yn it doarp ferparte binne."
By De Aardappelbeurs © Omrop Fryslân
Dochs wenje der ek noch hieltyd arbeidsmigranten yn it doarp. Dat fine de ynwenners net perfoarst slim, mar it doarp sjocht wol dat in hûs dêr't ek in húshâlden mei bern yn wenje kin brûkt wurdt troch acht manlju dy't as arbeidsmigrant wurkje.
Je merke dat yn bepaalde strjitten in oare kultuer komt. Dêr is neat mis mei, mar sy dogge neat mei de mienskip.
Oene Krist, foarsitter fan MFC 't Beerdhuus yn Sint Jabik
"Je merke dat yn bepaalde strjitten in oare kultuer komt. Dêr is neat mis mei, mar sy dogge neat mei de mienskip. Yn stee fan dat je der jonge húshâldens yn krije, krije je minsken dy't har dêr just foar weidraaie", seit Krist.
Oarspronklik mochten yn Sint Jabik sa'n 30 oant 40 arbeidsmigranten wenje neffens it fergunningssysteem, mar der sitte no 150 yn it doarp. "Untwikkelje nij belied, lyk as De Aardappelbeurs, hâld op mei dy regels. It foldocht net mear", seit Krist. "It giet no te fier", fersuchtet er.

Opkocht troch ûntwikkelders

De grutste soarch is lykwols dat de huzen allegearre opkocht wurde troch fêstgoedûntwikkelders en sa net mear beskikber binne foar de eigen jongerein. "Wenningstichtingen binne al net sa happich om hjir hierwenten te pleatsen, dus wat frijkomt wolle wy graach hâlde."
Oene Krist, foarsitter fan MFC 't Beerdhuus yn Sint Jabik © Omrop Fryslân
Mar de doarpsbewenners hawwe gjin kâns, seit Krist. "De fêstgoedûntwikkelders krije der lucht fan, dan binne wy se kwyt yn de huzefoarried. Dan komst op in punt dat mear as tsien persint fan ús befolking út arbeidsmigranten bestiet."
Paul de Cock en Oene Krist
Krist tinkt dat Sint Jabik en Waadhoeke har bêst dogge om it doarp leefber te hâlden. "Dus ik kin my net foarstelle dat men net op dizze oprop reagearret. Mar ik kin my wol foarstelle dat de ried en it kolleezje net yn de gaten hawwe hoe't it hjir spilet, om't sy wat mear op ôfstân sitte."

"Mear empatysk, minder juridysk"

Lykas de fraksjes pleitet ek Krist derfoar om de situaasje efkes 'on hold' te setten. "Gjin nije fergunningen, yn ôfwachtsjen fan it nije belied."
Ek docht er noch in oprop oan Waadhoeke: "De gemeente mei der wol wat empatysker en sympatiker yn stean. As pleatslik belang, wy fan it MFC of doarpsbewenners fragen stelle, wurde dy strikt juridysk ôfdien. Dat stekt de minsken wol."

Tongersdei yn de ried

Paul de Cock sjocht de problemen, ek de polityk wrakselet mei it fraachstik. "Ik weet dat de spanningen in St.-Jacobiparochie en in Minnertsga oplopen. Ik denk dat het nu taak is van de gemeente om de dorpen te ondersteunen."
Tongersdei wurdt yn de gemeenteried fan Waadhoeke praat oer de húsfêstingsproblematyk.