Draaiboeken efter de skerms: dit is it krisisplan fan sikehûs MCL

It heliplatfoarm op it dak fan it MCL © Gelmar van der Weide
Wat bart der yn in Frysk sikehûs as der earne yn de provinsje wat goed fout giet? Sikehûs it MCL yn Ljouwert hat altyd de draaiboeken klearlizzen, en oefenet der ek alle jierren op.
Omrop Fryslân mocht efter de skerms sjen, om der efter te kommen wat der allegearre by komt te sjen as der in ramp bart yn ús provinsje.
De lêste kear dat it MCL it rampeplan brûkte, wie mei de jierwiksel fan 2019 op 2020. Doe kaam in grut tal auto's mei-inoar yn botsing yn in tichte mist.
Op it momint dat soks plakfynt, begjint alles te rinnen nei de earste melding. By it sikehûs komt de earste melding binnen by de rezjyferpleechkundige. Dy kin it nijs hearre fia de offisjele kanalen, lykas de meldkeamer of in oanwêzige ambulânse. Mar it kin ek barre dat de rezjyferpleechkundige wat heart of sjocht op sosjale media of fia in app.

Rampeplan by tsien swierferwûnen

Fuort nei in earste melding begjinne de oerlizzen binnen it MCL, om te sjen hoe fier't it sikehûs opskale moat. De traumasjirurch oerleit bygelyks mei in lid fan de Ried fan Bestjoer, om te sjen oft it nedich is om it rampeplan fan it MCL yn te skeakeljen. Dat bart op it momint dat der mear as tsien swierferwûne slachtoffers meld wurde.
Dit docht sikehûs MCL as der in ramp bart
As der yndie mear as tsien slachtoffers by de ramp belutsen binne, wurdt it beslút naam om op te skalen nei in krisissituaasje.
Prioriteit binnen it MCL is dan om romte te meitsjen foar de slachtoffers. Dit wurdt dien troch de spoedeaskjende help te ûntromjen. De ferpleechkundigen en dokters hawwe dêr in goed kertier de tiid foar.
Yn dy fyftjin minuten moatte se de minsken dy't foar oare redenen op de spoedeaskjende help wiene, fuortstjoere of opnimme. Pasjinten dy't der net al te slim oan ta binne, moatte nei hûs ta. Oaren wurde trochstjoerd nei ferpleechôfdielingen of kliniken.

Doar op slot

Yn it gefal fan in tige slimme ramp, kin ek de polyklinyk noch ûntromme wurde. Minsken dy't op dat stuit thús mei in oar medysk needgefal sitte, wurde dan frege om nei de dokterswacht te gean, en net mear nei de spoedeaskjende help fan it MCL te kommen.
De doar fan de spoedeaskjende help giet ek op slot, dus minsken komme foar in tichte doar as se dochs nei Ljouwert ôfreizgje.
De meldkeamer yn Drachten © Omrop Fryslân
By de dokterswacht kin yn sa'n situaasje de tiid wol bot oprinne, warskôget Marjan Tijtsma, sy is krisiskoördinator by it MCL.
Nei't de spoedeaskjende help en de polyklinyk ûntromme binne, kin der ek opskaald wurde, wat it personiel oanbelanget. Tijtsma: "Er wordt meteen een alarmering uitgezet, om medewerkers te vragen om naar het ziekenhuis te komen om te ondersteunen."

Beheind plak yn earste oere

As der by de ramp in soad minsken ferwûne rekken, moat der al gau sjoen wurde nei de kapasiteit fan it sikehûs. It MCL is it grutste sikehûs fan ús provinsje en hat yn it earste oere nei de ramp plak foar ien ferwûne yn libbensgefaar. Alle oeren dêrnei is der plak foar fjouwer minsken dy't yn libbensgefaar binne.
Dat de sifers sa beheind binne, hat benammen te krijen mei personiel dat nei it sikehûs ta komme moat.
Tijtsma snapt dat it hiel beheind klinkt, mar dat it yn de praktyk gauris oars útpakt. "Vergeet niet dat op het moment dat er iets gebeurt, mensen ook nog van het incident naar het ziekenhuis vervoerd moeten worden. Dus je bent al gauw een halfuur tot een uur verder. Meestal heb je aanrijtijd, dus je bent vaak nog wel wat tijd kwijt voordat het eerste slachtoffer in het ziekenhuis is."
Marjan Tijtsma yn de traumakeamer © Omrop Fryslân
De pasjinten wurde troch de ambulânse-yngong nei binnen ta brocht, en krije in bantsje om 'e earm mei dêrop de yndikaasje fan hoe slim't se deroan ta binne. Dat bart yn trije gradaasjes: libbensgefaar, slim ferwûne en ferwûne.
De earste twa kategoryen wurde opfongen yn de traumakeamers deun njonken de ambulânse-yngong. Yn de tredde kategory sitte minsken dy't noch rinne kinne, sy wurde trochstjoerd nei de polyklinyk.

Rezjy en oersjoch

Yn de traumakeamers steane teams klear om de pasjinten te helpen. Dit bart allegearre neffens strange regels, ûnder lieding fan ien dy't de rezjy hat en it oersjoch hâldt op dit hektyske momint.
De ferpleechkundigen hawwe, krekt as de pasjinten, in stikker of bantsje om mei dêrop harren funksje. Dat moat foar eltsenien dúdlik meitsje wa't yn de traumakeamer is en wa't wat docht.

Gearwurking mei oare sikehuzen

Mocht de ramp sa grut wêze dat it MCL it tal ferwûnen net oan kin, dan kin it sikehûs altyd weromfalle op de gearwurking mei de oare Fryske sikehuzen: Tjongerschans op It Hearrenfean, Antonius yn Snits of Nij Smellinghe yn Drachten.
"Op het moment dat er een grote ramp is, zullen alle ziekenhuizen in Fryslân opschalen", seit Tijtsma. "Het is dan aan de meldkamer om te bepalen welke patiënt waar naartoe gaat." It barde ek yn 2020, doe't der yn de coronapandemy sprake wie fan in langduorjende krisis.
Njonken de Fryske sikehuzen is der ek noch in gearwurking tusken it MCL en de gruttere sikehuzen yn Grinslân en Drinte.