Mûne fan Sint Jânsgea krijt nije wjukken: "Myn hiele libben draait om de mûne"

De mûne fan Sint Jânsgea © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De mûne De Hersteller yn Sint Jânsgea is noch ien fan de lêsten yn Fryslân dêr't permanint yn wenne wurdt. De wjukken sitte lykwols fol skuorren en dy moatte dus ferfongen wurde.
"Tink wol om dyn holle hear, want it is hjir hiel leech allegear", seit Johannes Kooistra, wylst er de kreakjende houten doar fan de âlde mûne iepen slacht.
De mûne is yn 1857 boud en stiet op in terp oan de râne fan Sint Jânsgea. Kooistra wennet sûnt 2007 yn de mûne en syn eagen striele as er oer de mûne begjint te praten.
De unike mûne fan Sint Jânsgea krijt nije wjukken
"Myn hiele libben draait om mûnen en dan benammen dizze", fertelt er entûsjast. "Ik bin sels mûnebouwer en myn frou is ek mûnder. Dit is noch ien fan de mûnen dy't bewenne wurdt yn Nederlân, dêr binne der net in soad fan. En dan bedoel ik echt yn de mûne sels, hin!"
Yn de omkriten fan Sint Jânsgea binne der mar twa mûnen dy't boud waarden mei it idee dat der ien yn wenje koe, fertelt Kooistra. "Yn Vegelinsoard stiet der ek ien, dêrnei hâldt it wol op. It wenoerflak is ek lyts, want wy moatte it mei 45 kante meter dwaan."
Ik sit hjir dan yn 'e hûs en dan sjoch ik dat ding wer draaien, dat is geweldich.
Johannes Kooistra
Kooistra rint in rûntsje om de as fan de mûne hinne. Mei in glêsplaat is it houten wurk noch te sjen. "Ik sit hjir dan yn 'e hûs en dan sjoch ik dat ding wer draaien, dat is geweldich. Sa komme de histoarje en deistich libben by inoar."
Yn de wjukken fan de mûne sieten grutte skuorren. Dy binne trije jier ûntdutsen by in kontrôle, mar it duorre lang foardat der genôch jild beskikber wie om nije wjukken te pleatsen.

"It mantsje falt wol op"

"It giet al gau om 200.000 euro", seit Oane Lieuwes, foarsitter fan de stichting De Hersteller. "Dat jild ha wy fansels net samar foarhannen en dus moasten wy allegear subsydzjepotsjes oansprekke."
Dat is yntusken slagge. "It binne wjukken fan 22 meter lang en dy binne yn de orizjinele steat makke. Wy wolle graach dat oarspronklike behâlde, want dat is wichtich foar de mûne. It is noch ien fan de lêsten yn dizze regio."
De mûne wurket net mear as echte mûne, mar dat is net slim, fynt Lieuwes. "It giet om it ferhaal derefter. Eartiids soarge er foar it wetter yn de Grien, dat wie de polder hjir. Dêrnjonken is it byld fan de mûne ek wichtich, want elkenien werkent him. It mantsje falt wol op, sis ik altyd."