FIDEO: Gerrit Hiemstra op 'e kânsel foar de 'griene' tsjerke fan Burgum

Goed rintmasterskip, dêr draait it om by de protestantske tsjerke yn Burgum
It klimaat en it leauwen. Foar de protestantske, 'griene' tsjerke yn Burgum geane dy hân yn hân. "De mens is niet de kroon op de schepping, maar onderdeel van de natuur." De tsjerke set him yn om te ferduorsumjen en nûge waarman Gerrit Hiemstra út om oer klimaatferoaring te fertellen.