Plan foar Fryske belibbingsattraksjes: Alvestêdetocht yn in loftballon

In Tino op in oar plak © The Tiny Experience Series
Mei in bytsje gelok kinne besikers yn de rin fan takom jier de Alvestêdetocht belibje mei The Tiny Experience Series, in 'belibbingskonsept' dat ek leechstân yn binnenstêden tsjingean wol.
Dizze saneamde 'Tino's' binne betocht troch de Experience Company fan Bert Kranendonk, dy't ek bekend is fan ûnder oare de Heineken Experience en de Wadden Experience.
Tino's binne lytse, betelbere attraksjes dy't bygelyks yn in leech winkelpân, in biblioteek of lunchroom ynrjochte wurde kinne. Permanint, mar ek ferpleatsber. De lytse attraksjes moatte besikers op in grappige, ynteraktive wize ynformearje oer de bysûnderheden fan de regio en stêd.
Inisjatyfnimmer Kranendonk hat yntusken tolve formats ûntwikkele dêr't er mei wurket. Ien fan de formats is in 'ballonfeart.' Minsken kinne yn in koer stappe, krije in VR-bril op en fernimme it skodzjen fan de koer en fiele de wyn troch it hier.
Ek oare gebieten kinne al mei in 'ballon' ferkend wurde © The Tiny Experience Series
Dat soe ek mei de Alvestêdetocht kinne, seit hy. "Je zou de hele Elfstedenroute kunnen volgen vanuit een ballonmand. Een ballonvaarder-voice over kan je vertellen wat je zoal ziet. Waar je bent op de route."
Op oare plakken wurdt soks al ynset. Sa binne der ek formats mei in drone en mei in magyske lift.
Bert Kranendonk oer syn belibbingsplannen
Oan Kranendonk is it no om Fryske partners te winnen, sa't it konsept ek yn de alve Fryske stêden komme kin. Dêr moatte ek frijwilligers foar wêze om te helpen mei it betsjinjen. Op 29 novimber binne Fryske stêden by him yn Baarn wolkom om syn model-Tino yn it echt te sjen. Of better sein: te belibjen.