It stikt fan de Ljouwerter stazjêrs op Baly, lykas Aafke: "Ik mis de jierpels"

Aafke de Vries © Omrop Fryslân
Doe't de 22-jierrige Aafke de Vries fan Waskemar op Schiphol stie, tocht sy: "Wêr begjin ik oan, wat doch ik." Mar yntusken genietet sy alle dagen fan it waarme Baly.
Aafke is mei har âlden en in âldere broer hikke en tein yn Waskemar. Sy gie yn Waskemar en Drachten nei de middelbere skoalle en keas dêrnei foar in mbû-stúdzje Toerisme oan it Friesland College. In goede kar, want dêrnei makke sy ek de oerstap nei it hbû yn deselde rjochting.

Oare kultuer en in oar klimaat

Yntusken sit sy yn it tredde stúdzjejier fan International Business oan NHL Stenden en dêr moast sy ek in staazje foar kieze. "Ik woe in net-Westersk lân opsykje, om in hiele oare kultuer mei te krijen. It like my nijsgjirrich hoe't it hjir giet mei it klimaat, de bedriuwen en it libben."
Op it Yndonezyske Baly sit in partneruniversiteit mei programma's dy't goed oanslute by wat Aafke woe.
Yn it hotel fielt it wolris krekt as sit ik yn Ljouwert, mar sadree't je de doar út stappe, is it wol echt oars.
Aafke de Vries yn Baly
Sy keas dêrom foar Baly en dêr is sy bepaald net de iennige yn: "Ik tink dat der wol oer de hûndert studinten binne hjir. Yn it hotel fielt it wolris krekt as sit ik yn Ljouwert, mar sadree't je de doar út stappe, is it wol echt oars."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Sy hat krekt in programma foar coaching en liederskip ôfsletten, oer noarms, wearden, liederskip en hoe't je binne as persoan. Takom wike set it twadde programma útein: business consultant, dat mear oer de bedriuwskant giet.

Iepen eilân

Aafke genietet alle dagen fan de omjouwing. "It is hjir in prachtich eilân", seit sy. "De minsken binne hiel noflik, se tinke echt om dy en steane iepen foar alles. Alle dagen hawwe je wol in leuk praatsje."
Ek al is de staazje mar foar in healjier, dat makke it foar de thúsbliuwers net minder spannend. "Want it is fansels wol fier fuort. Ik wenje tegearre mei myn freon. Dy stipet my wol, mar fynt it ek wol spannend, lyk as myn âlden. Mar sy sjogge dat ik it hjir nei it sin haw en dat ik hjir leuke dingen doch. Dus ik tink dat sy it leuk fine."

De geselligens opsykje

Yntusken is Aafke al goed wend, sy hat in moaie studinteploech om har hinne en leart in soad. Sy wennet mei in oantal studinten yn in lyts hotel en dat is tige gesellich. Yn de wykeinen giet sy wolris mei in groepke nei de rysfjilden of de natuer yn.
Aafke de Vries yn Baly
De ferskillen mei Fryslân binne grut. "De minsken binne hjir folle mear bûten. It iten is fansels oars, dat moast wol wenne. Ik moat sizze dat ik de jierpels ek wol mis", jout Aafke ta. Lyk as de rêst en it gemak, want yn Baly is it just altyd drok mei massa's scooters.
Mei de feestdagen bliuwt Aafke ek op it eilân. Want as sy hinne en werom fleane soe, is der ek in nij fisum nedich. "En de tickets binne ek hartstikke djoer. Dat soe skande wêze. Ek wer in jetlag. Healwei jannewaris kom ik werom", seit sy resolút.