Restaurants yn Sealterlân ferspriede ynformaasje oer it Frysk

logo.ensafh

Restaurants, kafees en hotels yn Sealterlân yn Dútslân dogge mei oan in kampanje om it taaltoerisme yn de Frysktalige enklave te befoarderjen. De Oldenburgische Landschaft hat in boartlik boekje meitsje litten mei eftergrûnynformaasje oer de taal en mei wat praktyske wurden en sinnen dy’t toeristen brûke kinne as se yn Sealterlân binne. It wurdt fia de horeka ferspraat.

Betinker Henk Wolf lange moandei it earste eksimplaar oer oan Tiziano Marin fan restaurant Da Tiziano yn it doarp Roomelse. De oare horeka-saken yn it gebiet krije it boekje de kommende tiid ek. Toeristen kinne it fergees meinimme.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *