Dichter Bruinja wol mei bondel yn hast tritich talen minsken tichter byinoar bringe

Tsead Bruinja hat de blomlêzing gearstald © Omrop Fryslân
We moatte nei inoars ferhalen harkje, sadat minsken harsels heard fiele. Dat is yn it koart it boadskip dat dichter Tsead Bruinja meijaan wol by it ferskinen fan syn blomlêzing yn safolle mooglik talen.
Eardere Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja presintearret woansdei yn Amsterdam syn blomlêzing '100 gedichten uit het Koninkrijk van 1945 tot nu' mei safolle mooglik talen, dialekten en streektalen. Dat is bysûnder, want it is de earste kear dat in bondel mei dy ynfalshoeke makke is.

"Dat doch ik oars"

Bruinja kaam op it idee fan de blomlêzing doe't er Dichter des Vaderlands wie. Dat wie yn de jierren 2019 en 2020.
"Yn al dy Nederlânske blomlêzingen stiet faak allinnich mar Nederlânske poëzy. De belangrike blomlêzing fan de Nederlânske poëzy gearstald troch Gerrit Komrij ken elkenien wol ('De Nederlandse poëzie van de negentiende en twintigste eeuw in duizend en enige gedichten, red.). Ik bin ien mei in oare achtergrûn. Ik tocht: dat doch ik oars."
De ferhalen binne folle diverser as gewoane Nederlânsktalige blomlêzings.
Tsead Bruinja oer syn blomlêzing mei ferskate talen en dialekten
Hy woe it breder lûke, en hat bygelyks ek nei de Antillen sjoen. "Ik haw it hiele keninkryk pakt. Suriname en de Antillen koene ek meidwaan, mei alle talen dy't dêr praat wurde."
De blomlêzing fan Bruinja beslacht meardere talen en meardere geografyske gebieten, en dêrom ek meardere kultueren. "De ferhalen binne folle diverser as gewoane Nederlânsktalige blomlêzings."
© Querido
It resultaat is in blomlêzing mei in hiel soad talen: Ingelsk, Arabysk, mar ek Frysk, Biltsk en Stellingwerfsk en allerhanne oare talen en dialekten yn Nederlân komme foar yn de bondel. It giet yn totaal om 100 fersen dy't tusken 1945 en no makke binne.

Net heard

Bruinja fertelt wêrom't er it wichtich fûn om dizze bondel te meitsjen. "Minsken fiele harren net heard en litte harren tsjininoar útspylje."
"Hjir steane de ferhalen neistinoar. Ferhalen skreaun troch minsken mei in slavernijferline yn de famylje, mar ek troch minsken fan boere-komôf. It beslacht ferskate kultueren. Dy ferhalen moatte lêzen en heard wurde. Harkje nei-inoars ferhalen, dêr giet it om."

Pompsters

Ien fan Bruinja syn persoanlike favoriten is in gedicht fan Frysk dichter en skriuwer Eppie Dam yn it dialekt fan Kollumerpomp, it Pompsters. It dialekt is Bruinja net hiel ûnbekend, want hy hat sels yn Kollum wenne, net fier fan Kollumerpomp.
De presintaasje fan '100 gedichten uit het Koninkrijk van 1945 tot nu' is woansdeitejûn yn boekhannel Perdu yn Amsterdam. Bruinja sels is dêr ek by. Op de presintaasje komt ek Titia Lont oan it wurd mei in fers yn it Biltsk. Sy wie earder politika en boargemaster en hat de Biltsktalige dichtbondel 'Lând út see' skreaun.
In fragmint fan de blomlêzing is op Soundcloud te beharkjen.