Nei tweintich jier rjochtsaken is Ried fan Steat akkoart mei crossbaan Makkingea

De motorcrossbaan Prikkedaam © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Nei tweintich jier rjochtsaken hat de Ried fan Steat hjoed it bestimmingsplan foar motorcrossterrein De Prikkedam yn Makkingea definityf jildich ferklearre. Dat betsjut dat de ried fynt dat it lûd fan it crossen op de baan troch de bûgel kin.
Dat is wol minder lûd as de ôfrûne jierren, omdat de gemeenteried earder dit jier bepaald hat dat motoaren dy't mear as 94 desibel produsearje net mear op it terrein brûkt wurde meie. De rjochtsaken waarden oanspand troch in pear dat by de crossbaan wennet.
Yn in tuskenútspraak, op 15 desimber ferline jier, gong de Ried fan Steat noch net akkoart mei it bestimmingsplan. De gemeente Eaststellingwerf hat yn maart wetter by de wyn dien: noch mar de helte fan alle motoaren op it terrein mei in twataktmotor ha. Boppedat dy swierdere motoaren fan mear as 94 desibel net mear meidwaan oan crosswedstriden. Dy twa maatregels binne wat de Ried fan Steat ôfdwaande.
Hielendal klear is hjirmei de saak noch net: Eaststellingwerf moat noch goed 3.000 euro oan proseskosten fergoedzje oan it pear dat jierren oan it striden west hat tsjin de crossbaan. De Ried fan Steat ûndersiket ek noch oft it pear rjocht hat op skeafergoeding, omdat de proseduere fierstente lang duorre hat.