Lange file op de A7 troch kettingbotsing, ferkear omlaat

© SRFotografie
Op de A7 by Koartehimmen hat tiisdeitemoarn in lange file stien troch in kettingbotsing. It ferkear waard oer de fluchtstrook laat. Omdat it ûngelok fertraging opsmiet, waard ferkear earder op de A7 omlaat.
It ûngelok barde yn de rjochting fan It Hearrenfean. Der stie oan beide kanten fan de dyk file. It is net bekend oft der minsken ferwûne rekke binne.
De plysje is teplak kaam en docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De auto's binne burgen.