Grutte brân op maneezje yn Ie ûnder kontrôle, gjin minsken en bisten ferwûne rekke

De brân op de maneezje Sandy Road Ranch oan de Sânewei yn Ie is ûnder kontrôle. De brân is beheind bleaun ta ien loads.
De brânwacht is tiisdeitemoarn útriden foar de brân. Alle bisten en minsken wiene út de gebouwen wei en yn feilichheid.
De brân ûntstie om 9.15 oere. De brân wie útslaand, de brânwacht skaalde op nei grutte brân.
It wenhûs en in oare loads binne net skansearre rekke.
Grutte brân op maneezje yn Ie ûnder kontrôle