Emoasjes rinne heech op oer statushâlders Wolvegea: "Niet in onze achtertuin"

It gemeentehûs fan Weststellingwerf yn Wolvegea © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Dat in groep bewenners fan de Hoofdweg yn Wolvega poer tsjin de komst fan statushâlders is, waard yn de gemeenteried dúdlik makke. Ien fan de bewenners spruts yn.
Weststellingwerf is fan doel om tweintich sjaletten te pleatsen op in stik greide efter huzen fan de Hoofdweg. Dêr moatte de kommende fiif jier statushâlders húsfêste wurde.
Omwenners fine de plannen te belêstend foar de buert en binne benaud dat de wearde fan har huzen ôfnimt. "De oplossing ligt niet in onze achtertuin", sei in wurdfierder fan de buert. Boppedat soe doetiidsk wethâlder Jack Jongebloed ferline jier tasein ha dat der noait boud wurde soe op de greide.
Ferline wike organisearre de gemeente in ynformaasjejûn, mar ta in echt petear kaam it dêr net. Bewenners fine it plan ûnbesprekber en fiele har miskend.
De Hoofdweg yn 'e rjochting fan Wolvegea © Google Street View
It ûnderwerp stie offisjeel noch net op de aginda foar de ried, dus in debat folge noch net. Mar wethâlder Mariska Rikkers hat wol oanjûn delkomme te wollen yn de buert, lykas de boargemaster al dien hat. Dêrnei wol it kolleezje komme ta in 'gewogen besluit.'
De wurdfierder joech oan de kompetinsjes fan de wethâlder yn twivel te lûken, mar dat foel min by guon oaren yn de ried, dy't it net fan in soad respekt tsjûgjen fûnen.