Fryske feehâlders meitsje noch amper gebrûk fan regeling om wolf te kearen

Jaap Mekel fan Ravenswâld, wolvekonsulint foar provinsje Fryslân © Omrop Fryslân
Skieppe- en geitehâlders yn it súdeasten fan de provinsje kinne gebrûk meitsje fan advys en subsydzje om de wolf te kearen. Mar dat dogge noch net in soad feehâlders, konstatearret provinsjaal wolvekonsulint Jaap Mekel.
Jaap Mekel fan Ravenswâld hat in eigen bedriuw yn natuerbehear, mar wurket ek in tal oeren yn 'e wike as wolvekonsulint. Dat docht er fjouwer oeren de wike foar de provinsje Fryslân, mar ek fjouwer oeren de wike foar provinsje Drinte.
Mekel is yn maart ynskeakele troch Fryslân om advys te jaan oer previnsje, bygelyks it delsetten fan elektryske rasters, en oer in subsydzjeregeling foar dy maatregels.
Sûnt maart is hy noch mar sa'n 15 oant 20 kear ynskeakele troch feehâlders.

'Yn de ûntkenning'

De wolvekonsulint tinkt dat boeren noch te folle 'yn de ûntkenning' sitte. "Je zou het eigenlijk moeten vragen aan de veehouders die mij niet benaderen. Maar bij de enkele veehouders in Fryslân waar ik kom, zeggen ze vaak: ik had het idee dat het wel mee zou vallen. Toch een soort ontkenning", seit Mekel.
Skiep efter skriktried © ANP
Yn Drinte sjocht Mekel itselde byld. "Het kan ook zijn dat men het niet zitten en hoopt dat de wolf weggaat. Maar dat wordt gissen. Of dat de website van de provincie duidelijk genoeg is en men mijn advies niet nodig heeft. Maar dan zou je zeggen dat er flink gebruik wordt gemaakt van de subsidie en dat kun je nu ook niet zeggen."

Hynders

Opmerklik is dat de konsulint de lêste tiid benammen ynskeakele waard troch hynstehâlders. Dy kinne gjin gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling, dy't allinne foar skieppe- en geitehâlders is, mar hiene wol mear ferlet fan advys.
"Ze willen wel graag ter plekke advies over hoe ze hun paarden kunnen beschermen. Ik krijg er vaak positieve feedback op, ze zijn blij dat het toch even wat duidelijker is", leit Mekel út.
It gebiet dat fuort yn oanmerking komt foar de regeling © Provinsje Fryslân
De subsydzjeregeling bestiet sûnt april en is yn 't earstoan bedoeld foar it foarnaamste wolvegebiet: it súdeasten. Dat is rûchwei it gebiet tusken Appelskea, Oerterp, It Hearrenfean en Steggerda, dêr't de wolf it meast sjoen wurdt.
Feehâlders bûten dit gebiet kinne ek stipe oanfreegje, mar dan moatte der binnen ien wike op syn minst twa wolve-oanfallen konstatearre wêze yn de betreffende gemeente.
Deputearre Steaten hat yn totaal 200.000 euro beskikber steld. Minsken dy't subsydzje oanfreegje kinne maksimaal 20.000 euro krije om har fee te beskermjen.

Noch net in soad subsydzje oanfrege

Mekel giet net oer it útkearen, mar wit wol dat ek dêr noch net in soad gebrûk fan makke is. Hy skat dat der noch mar sa'n 5.000 oant 10.000 euro subsydzje jûn is. "In Drenthe is al zo'n 500.000 euro uitgekeerd", ferliket Mekel.
Wol is it sa dat Drinte ek mear lêst fan wolven hat. "Daar is veel meer sprake van zwervers en Drenthe zal ook iets aantrekkelijker zijn om langer te verblijven voor de wolf, met de bossen en bosjes."
In wolf op de Veluwe © ANP
De echt grutte feehâlders dy't bygelyks ferskate keppel skiep op in grut oantal bunders lân hawwe, sille net genôch hawwe oan de subsydzje fan de provinsje. Mekel tinkt dat dit wol inkelde tsientallen bedriuwen wêze kinne.
Boppedat wurdt allinne it materiaal fergoede mei de regeling. It pleatsen fan rasters moat dus noch wol sels betelle wurde.
"Dat zal ook zeker zijn waarom grote schapenhouders mijn diensten ook niet te hoeven gebruiken. De factor arbeid wordt niet vergoed. Wanneer je een grote schapenhouder bent, heb je er misschien wel één fte bij nodig. Die kan ik niet bieden. Dat is zeker een probleem."

Previnsje goed útfiere

By de minsken dy't wol maatregels nimme, sjocht Mekel dat it lang net altyd goed bart. As der allinne gaas stiet, kin de wolf der bygelyks ûndertroch grave. In stroomtried moat dêrom op maksmaal 20 sintimeter boppe de grûn.
Sa binne der noch folle mear tips dy't Mekel as konsulint jaan kin, basearre op rjochtlinen fan útfieringsorganisaasje BIJ12 en ûnderfiningen yn it bûtenlân.
It komt del op it pleatsen fan stroomtriedden, dêr't sa'n 4.500 folt op moat. "De draden moeten op specifieke afstanden zitten. De onderste draad is heel belangrijk, die mag niet hoger hangen dan 20 centimeter. Dat is een lastige, want er hoeft maar een keer een das onderdoor te graven of je hebt een doorgang waar de wolf onderdoor kan."
Skiep efter skriktried © ANP
Mekel is der wol fan oertsjûge dat rasters in oplossing foarmje. "Er zijn allerlei beelden bij wolfwerende rasters waarop te zien is dat wolven bij schapen proberen te komen. Maar dan lopen ze een rondje en gaan ze weer door. Mensen hebben hun twijfels, maar er is allerlei bewijs uit Nederland dat ze werken. Natuurlijk zullen ze niet 100 procent de wolf tegenhouden, maar de zullen goed werken."

Wikseljende reaksjes

Dat de komst fan de wolf gefoelich leit, merkt Mekel wol. Guon feehâlders binne bliid en stelle har konstruktyf op, mar by oare feehâlders op it hiem merkt Mekel dat sy earst har emoasje kwyt moatte of dat sy dwers lizze.
De emoasjes rinne romtiden heech op, lyk as by dizze boer yn Jonkerslân © ANP
It skeelt wol dat Mekel allinne oer de previnsje giet. As der skiep of oar fee deabiten is, komme der minsken fan BIJ12 om ûndersyk te dwaan oft it echt om in wolf gie. Dy meiwurkers hawwe it wol dreger, tinkt Mekel, dy't as konsulint net ferantwurdlik is foar de ôfhanneling fan wolveskea.
Wolvekonsulint Jaap Mekel
De konsulint is der kaam op advys fan de Projektgroep Previnsje Wolveskea Fryslân (no de Gebietskommisje Wolf). Mekel sit ek by it oerlis fan dizze kommisje, mar makket dêr offisjeel gjin diel fan út. De provinsje Fryslân is opdrachtjouwer fan Mekel, de konsulint hannelet dus nei wat polityk fêststeld is.