Museum Belvédère lilk om't útwreiding foarearst net mei, wylst it hurd nedich is

Direkteur Han Steenbruggen fan Museum Belvédère © Omrop Fryslân
Gemeente Hearrenfean hâldt útwreiding fan Museum Belvédère foarearst tsjin, om't de druk op it lânskipspark yn Oranjewâld tanimt en der earst in fisy komme moat. Direkteur Han Steenbruggen fynt it net goed trochtocht. "Ik ben echt boos."
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders set de útwreiding fan it museum foarearst op slot. Dat foarnimmen stiet yn de yntegrale fisy foar it lânskipspark Oranjewâld, dat it kolleezje opstelde nei't de gemeenteried dêrta oproppen hie.

Utstel foar fisy

De gemeenteried wol dat der in fisy komt oer it brûken fan it lânskipspark, om't de druk op it gebiet tanimt.
Der komme hieltyd mear besikers nei de bosk en de gemeente wol der mear fet op krije. Guon ûntwikkelingen wurde dêrom foarearst stopset, oant der in definitive fisy is.
Direkteur Steenbruggen hat alle begryp foar it tinken oer de takomst fan it gebiet, mar fynt de argumintaasje ferkeard. "Ons museum bevindt zich aan de rand van het landschapspark. Onze parkeergelegenheden bevinden zich aan de noordzijde, niet aan de Oranjewoud-kant. Dus alle bezoekersstromen bevinden zich buiten het kwetsbare gebied."
De noardkant fan it museum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It is neffens de direkteur ek net sa dat in grut tal museumbesikers ek noch it park yn giet om te kuierjen of te fytsen. Omrekkene nei in trochsneed dei giet it mar om sa'n acht minsken, skat Steenbruggen yn.

Utwreiding net foar mear besikers bedoeld

Fierder binne de útwreidingsplannen fan Museum Belvédère ek net rjochte op mear besikers, mar op it útwreidzjen fan de fasilitêre romte.
"We zitten echt met grote problemen in de kantoor- en depotruimte. De pijnpunten zitten ook bij de kassa en een deel van de expositieruimte. Dus uitbreiden is vooral gericht of professionalisering, optimalisering en klantcomfort. Niet zozeer op een toename van bezoekersaantallen."
Museum Belvédère yn Oranjewâld © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Sterker noch, seit Steenbruggen: "We hebben altijd gezegd dat wij een museum willen blijven dat betrekkelijk klein tot middelgroot is. Niet met een exorbitante groei van bezoekersaantallen." Boppedat fynt it museum ek dat Oranjewâld in stiltegebiet bliuwe moat.

Fernuvering oer kommunikaasje

Steenbruggen is net te sprekken oer de kommunikaasje. "Ik had het heel prettig gevonden als er vanuit de gemeente, Oranjewoud en de plannenmakers een gesprek had plaatsgevonden met ons als museum. Dat is er als zodanig niet geweest. Wij moeten in de krant lezen dat Arcadia over drie jaar door kan gaan, dat er plaats is voor zwemgelegenheid. Dat vind ik een rare manier van communiceren."
Bestjoersfoarsitter Evert-Jan Rotshuizen fan it museum sil tongersdei ynsprekke yn in kommisjegearkomste fan de gemeente. "Ik zal daar ook bij aanwezig zijn, al zal ik me verder wat inhouden", seit Steenbruggen. It museum wol dêr har arguminten op tafel lizze.
Fytsers yn de bosken fan Oranjewâld © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Steenbruggen nûget it kolleezje en de ried út. "Om eens te kijken hoe wij hier moeten werken met twee kantoortjes voor zes mensen."
Hy seit: "De gemeente wil wel van ons dat wij tentoonstellingen maken en meedraaien als toeristische cultuurattractie. Maar als wij vragen om uitbreiding, leidt dat tot problemen. Ik vind dat dit niet zo mag zijn. Wij hebben echt nood in dit gebouw."