Sikehuzen MCL en Tjongerschans wolle fan 2024 ôf fusearje

© Omrop Fryslân
Sikehuzen MCL yn Ljouwert en Tjongerschans op It Hearrenfean wolle fan 1 jannewaris 2024 ôf fusearje. Dat ha beide ynstânsjes tiisdeitemiddei bekend makke op in parsekonferinsje.
Beide ûndernimmingen wolle de kommende tiid brûke om de fierdere foarmjouwing fan de fúzje troch te sprekken. "Wij willen graag toekomstbestendig zijn voor de Friese burgers", sa waard troch beide sikehûzen sein oer it wêrom fan de fúzje.
De nije namme fan de fúzjesikehuzen is noch net bekend. Dy folget letter yn it gearwurkingsproses.

Ien medyske stêf

It is de bedoeling dat de hjoeddeistige gearwurking yntinsivearre wurdt en dat der ien medyske stêf komt. Op dy wize wolle beide sikehuzen better ynspylje op de problemen op de arbeidsmerk.
Sikehuzen MCL en Tjongerschans wolle fusearje
Der waard útsprutsen dat der gjin twongen ûntslaggen falle. "Iedereen is voor ons belangrijk, we gaan ervoor zorgen dat er niemand ontslagen wordt. We hebben iedereen nodig. Wel kan het gebeuren dat mensen op een andere plek moeten gaan werken. Dat gaan we zorgvuldig doen."
It kommende heal jier brûke beide partijen om te sjen wat pasjinten fan de fúzje fernimme sille. De gearwurking sa't dy der no al leit mei oare sikehuzen yn Fryslân en dêr bûten bliuwt gewoan sa as dy is.