Opfang foar tsien minderjierrige statushâlders yn Grou

De Frisia Residentie yn Grou © Google Streetview
Yn Grou komt in opfang foar tsien minderjierrige allinnichsteande frjemdlingen. De bernegroep komt yn de Frisia Residentie, in hotel oan de Singel yn Grou. It giet om jongerein tusken de fyftjin en achttjin jier âld, dy't al wol in ferbliuwsfergunning hawwe.
De bern binne sûnder âlders of oare fersoargers nei Nederlân ta kaam.

Nidos

De opfang wurdt fersoarge troch it Nidos, in ûnôfhinklike foudij-organisaasje. Sy binne folslein ferantwurdlik foar de opfang. Op 1 desimber komme de earste jongeren nei de lokaasje. De opfang is yn prinsipe earst foar in jier.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Ljouwert hat dêrfoar no grien ljocht jûn. De omwenners en ûndernimmers yn de omjouwing binne tiisdei ynformearre oer de lokaasje.