Fryslân rint noch net waarm foar Oranje op it WK fuotbal

De Wildzang yn Drachten © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Gewoanwei soe de oranjegekte al yn heal Nederlân hearskje, mar it WK yn Katar libbet noch net. It binne de Sint en de krystman dy't yn etalaazjes en kroegen de tsjinst útmeitsje. Yn strjitten dy't foarhinne oranje kleuren, is it no griis en stil.
Nim de Wildzang yn Drachten: it iennichste oranje binne de heskes fan de strjitlizzers. Dat wie ferline jier foar it EK wol oars. De Wildzang gie doe los, mar fan in oranjefeest is no gjin sprake.
"It is net te ferlykjen mei it ferline jier. Doe wie it simmer en elkenien wie bûten. No is it hjerst en boppedat wurde de measte wedstriden útstjoerd as we oan it wurk binne. En sjoch ris: de strjitte leit der ek noch út", fertelt Anneke Bron, de pleatslike gongmakker fan it oranjefeest.
Ek yn de Ljouwerter wyk de Wielenpôlle is der gjin oranjekoarts, dêr wint de krystman it fan bûnscoach Van Gaal en syn spilers.
Fryslan rint noch net waarm foar Oranje
De hoareka hie it toernoai graach yn de simmer wollen. Yn in soad kroegen binne de wedstriden wol op skermen te sjen, mar bûten bliuwt it kâld. "Meastentiids binne dizze toernoaien yn juny. Dan kinne je mei syn allen in bierke drinke en de oerwinning fiere", seit Ton Eijer, foarsitter fan de Keninklike Hoareka Ljouwert.
"No binne minsken foaral dwaande mei Sint en de krystdagen. Dochs tink ik dat it folle drokker wurde sil as Nederlân fier komt", seit Eijer.

Skeining minskerjochten

Tiisdei is it Nederlansk alvetal nei Katar flein. In lân dat ûnder fjoer leit fanwege de skeining fan de minskerjochten en de dea fan tûzenen arbeiders by de bou fan de stadions.
Dat witte de kroech-eigeners yn Ljouwert ek. "We hawwe it der wol oer hân, mar de beslissing is al lang lyn nommen. It is in kwestje fan polityk. Wy wolle de besikers fan de kafees fermeitsje en in moaie tiid besoargje en dat dogge we dan ek."
De wedstriden sille dan ek yn ferskate hoarekasaken yn Ljouwert op skermen te sjen wêze. Net ien kroechbaas docht fanwege etyske beswieren syn saak ticht of fertoant de duels dêrom net.