Fryske oerheden kinne foarearst by Gazprom, dat no SEFE Energy hjit, bliuwe

© ANP
Provinsjes, gemeenten, skoallen en bygelyks sporktlups hoege harren kontrakt mei it eardere Gazprom dochs net op te sizzen. Dat befêstiget enerzjyminister Rob Jetten tiisdei.
Yn april al makke de OVEF, it gearwurkingsferbân fan Fryske oerheden en ynstânsjes dy't mei inoar enerzjy ynkeapje, bekend by Gazprom bliuwe te wollen. Dat is in Russysk bedriuw en falt ûnder de sanksjepakketten fan de Europeeske Uny om Ruslân finansjeel te treffen fanwegen de oarloch yn Oekraïne.
Mar om't in Dútsk dochterbedriuw fan Gazprom, dat yntusken SEFE Energy hjit, nasjonalisearre wurde mei fan de Europeeske Kommisje falt it bedriuw net mear ûnder de strange sanksjes.

'Gjin bommen en drones'

"It is yn de basis goed nijs", fertelt ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes. "Op dizze wize giet der gjin jild nei de oarlochsmasine fan Ruslân. We kinne iepenbiere foarsjennings ferwaarmje tsjin in normale priis, en mei de opbringst binne we no wis dat der gjin drones en bommen fan kocht wurde dy't brûkt wurde yn Oekraïne."
Dochs is it nasjonalisearjen fan in bedriuw in stap dy't oerheden faaks net samar nimme fertelt Poepjes. "As oerheden sa'n stap nimme, is der wol wat oan de hân. Dan binne der bygelyks omstannichheden, lykas no dizze oarloch, wêrby't it wol kin. Mar dit dogge jo net samar efkes op in freedtemiddei."
It kontrakt fan de provinsje mei Gazprom soe net al te lang mear rinne. Dêrnei woe de provinsje dochs al fan de relaasje mei it Russyske bedriuw ôf. "Wy wolle ús enerzjy yn eigen hannen nimme. Foar ús elektrisiteit en gas sille wy nei mooglikheden binnen Fryslân sjen. Dêr bin ik as bestjoerder en as Fries tige wiis mei."

Untheffing

Oant no ta wie der, ûnder oare foar de Fryske oerheden en ynstânsjes, in ûntheffing. Dy ûntheffing is per direkt net mear nedich, skriuwt Jetten no oan de Keamer. Der hoecht dus ek gjin nije enerzjyleveransier te kommen as it hjoeddeistige kontrakt ôfrint.
"Door deze stap wordt de energiezekerheid in de EU verder veiliggesteld en hebben we zekerheid dat er geen Nederlands geld via de achterdeur naar Russische aandeelhouders verdwijnt", sa seit Jetten yn in reaksje.

Mear jild kwyt

Apart oan it ferhaal is wol dat in soad ynstânsjes al earder in nij kontrakt ôfsletten ha mei in oare enerzjyleveransier. Dat barde troch it beteljen fan in boete en tsjin hegere tariven, sadat se in soad ekstra jild kwyt wiene dan mei it orizjinele kontrakt mei Gazprom. Boppedat kaam dat ekstra jild fia de Europeeske gasmerk úteinlik dochs telâne by Ruslân.