Fiskersbûn fynt stipe moai, mar te min: "Wy hoopje dat it wolris klear is"

Durk van Tuinen fan de Nederlandse Vissersbond © Omrop Fryslân
It Ryk lûkt jild út foar in temjittekomming foar de fiskerij. Fiskers kinne oer trije jier maksimaal 30.000 euro krije. In moaie earste stap, seit Durk van Tuinen fan de Nederlandse Vissersbond, mar wol in drip op in gleone stien.
Minister Piet Adema fan Fiskerij lûkt yn totaal tsien miljoen euro út om de fiskers te helpen, dy't troch de hege brânstofprizen flink yn de problemen sitte. Dêr trune ek de Twadde Keamer al moannen op oan.
"Wy hawwe der in healjier mei dwaande west. Ik bin bliid dat de stipe komt, der hat in soad foar nedich west om it safier te krijen. Mar de minister hat al erkend dat it bedrach te leech is om de sektor echt te stypjen", seit Van Tuinen fan it bûn yn in reaksje.
Meifarre mei de garnalekotter fan Willem Koorn
In grutte platfiskkotter kin wol 10.000 euro de wike ferbrûke, dus mei 30.000 euro kinne je mar trije wiken foarút.
De minister skreau letterlik yn de brief oan de Keamer: "Ik ben me ervan bewust dat de hoogte van de steun geen kostendekkend effect zal hebben voor de sector."

Foar garnalefiskers better nijs

Neffens Van Tuinen makket it wol út watfoar fiskersbedriuw je hawwe. Foar platfiskfiskers it it echt te min, mar fiskers dy't tichter by de kust fiskje brûke minder brânstof. Dus bygelyks foar garnalefiskers is de stipe yn ferhâlding grutter.
Dat de sektor yn 'e knipe sit, is wol dúdlik. "Sûnt it ferbod op de pulsfiskerij is it gebrûk ferdûbele. No't de kosten ek nochris ferdûbelje, fernimme wy dat wol." Ek hawwe fiskers te lijen fan ferlies fan gebiet troch de oanlis fan wynmûneparken op see.

'Meitsje gebrûk fan Europeeske kaders'

Neffens it bûn biede Europeeske regels folle mear romte foar finansjele stipe. "De Europeeske Uny hat in kader steld dat in lid oant 300.000 euro stypje mei. Dus wy tinke: Nederlân, kom op, wy binne tankber foar de earste stap, mar sjoch wol wat der mooglik is."
Al mei al de helte fan de kotterfloat meldt him oan foar sanearring. Dat is wol desastreus.
Durk van Tuinen fan de Nederlandse Vissersbond
Nei de Brexit is der in sanearringsregeling opset, dy't wol dúdlik makket hoe bot de fiskerij te lijen hat fan alle ûntwikkelingen. "Yn totaal binne der 140 fiskers, benammen platfiskfiskers, dy't dêr gebrûk fan meitsje kinne. Der binne no al 60 oanmeldingen. Al mei al de helte fan de kotterfloat meldt him oan foar sanearring. Dat is wol desastreus, ek foar de ynfrakstruktuer mei fiskôfslaggen en leveransiers."
In garnalekotter © ANP
By in sanearring heart ek noch de betingst dat je binnen fiif jier net wer begjinne. "Dan kinne je wol konkludearje dat in trochstart wol hiel dreech wurdt."
Durk van Tuinen fan de Nederlandse Vissersbond
It makket de takomst foar de fiskerij ûnwis, seit Van Tuinen. "Wy hoopje dat it wolris klear is. Wy wolle fierder mei in kottersektor dêr't noch takomst foar is. De platfiskfiskers, mar ek de garnalefiskers binne wichtich foar ús. Al mei al binne der 180 garnalefiskers, dy kinne net gebrûk meitsje fan de sanearringsregeling."
"Der moat echt wol in trochbraak komme", seit Van Tuinen. "Stipe foar de langere termyn soe wolkom wêze."